Blog Sigrid Kingma: Mear te kiezen

logo.ensafh

Wat in film mei dy saneamde Fieldlabs fan it kabinet. De popcorn kin der wol by. Se neame tsjintwurdich alles mar ‘ûndersyk’ om harren feestjes en reiskes trochgean litte te kinnen. De ynfolling fan de kommende keningsdei soe in moai ûnderwerp wêze kinne foar in gedicht. In famke yn de boarterstún fertelde my spontaan – nei’t se har suske útkaffere hie om’t dy de poppeskommel beset hold – dat se echt útseach nei keningsdei want dan soenen se âldhollânske spultsjes dwaan. It is mar wêr’t je bliid/lulk fan wurde. De skoalbern hoege yn alle gefallen gjin feestjes te missen.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Fjouwer nije Trakl-oersettingen fan Klaas van der Hoek

logo.ensafh

 

 

Klik op ‘e titels foar it folsleine gedicht

By in finster

Boppe de dakken it himelsblau
En wolken, sy lûke boppe lâns,
Foar ’t finster in beam yn maitiidsdau,

 

Psalm
Opdroegen oan Karl Kraus

Der is in kears dy’t de wyn útdôve hat.
Der is in kroech op de heide dêr’t middeis in sûplap útstapt.
Der is in wynberch, ferbaarnd en swart mei gatten fol spinnen.
Der is in fertrek dat se mei molke kalke hawwe.
De dwylsinnige is ferstoarn. Der is in eilân yn de Súdsee
Om de sinnegod te ûntfangen. Se slane op trommen.
De manlju fiere oarlochsdûnsen op.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: De drokproeven van mien ni’je boek

logo.ensafh

17 april – 17.00 – Ik kreeg vandaege de fielsetaosies vanwege mien ereburgerschop van Johan en Gertie uut Almelo. As kedogien stuurden ze et boek Poespas van een zekere S. Carmiggert mit. Hiel mooi! Dat za’k ongetwiefels mit groot genoegen lezen!
Ik bin de hiele weke al mit een verhipt drege klus an de gang. Omslagontwarper en vormgever Sijtze Veldema stopte vleden maendag de drokproeven van mien ni’je boek Et liek in de Lende in de busse. Ik bin dus mit een korrektieronde an de gang. Vreselik wark…

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: De Boerenrepubliek

logo.ensafh

It kaam de lêste wiken allegearre wer nei it oerflak. Yn de BNN-VARA searje De Boerenrepubliek gie it oer de takomst fan de lânbou, mar it gie gelokkich ek in soad oer it ferline. Want der is gjin takomst sûnder ferline. Myn frou ek ik sieten geregeld stilswijend en mei pikefel op de earms te sjen nei de bylden fan de freeslike útbraak fan tongblier yn Oene. In doarpsmienskip yn Gelderlân.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Het karakteristieke oeuvre van een dichtende scheepsarts en zwervende schrijver

logo.ensafh

Onlangs is een nieuwe editie verschenen van het Verzameld proza van J. Slauerhoff (1898-1936). In 2018 was al een herziene versie van zijn Verzamelde gedichten gepubliceerd. De samenstelling en tekstverzorging van beide nieuwe uitgaven was in handen van Hein Aalders en Menno Voskuil. Slauerhoff is een schrijver van tegenstellingen, die Nederland haatte en het ontvluchtte. Toch schreef hij voor Nederlandse lezers, die hij vergastte op verhalen over Chinese verten en Portugese dichters van lang geleden. Hoe on-Nederlands kan een schrijver zijn die Jan heet, geboren en getogen is in Friesland en het liefst vakantie vierde op Vlieland?

Lês fierder by Literair NederlandLês fierder

Blog Daam de Vries: Teaterles

logo.ensafh

Mei de faksinaasjes giet it foar wûnder. Jo moatte de goede minsken der efkes oer gear hawwe mar dan hawwe jo ek wat. Dy ha se no fûn dat no wiene der yn in sucht en in skeet ynienen in lytse miljoen prippen by. By boeren is it al jierren sa dat in fatsoenlike boekhâlding it heale wurk is en dat is hjir net oars. De brot stuts wat gammel yninoar mar dat is no oplost. Ik soe der noch in pear fan dy boekhâldkundige eksersyzjes op loslitte, dan is de hiele saak ein dizze moanne wol beslikke. Der al om tinke dat der sa’n santjin miljoen ynwenners binne.… Lês fierder