Oft der in boat is dy’t oerdwers yn in kanaal bedarret wylst dat net past dan ha wy daliks de wrâldistribúsje yn disoarder. Westerlingen tinke nammentlik dat Jeropa de wrâld is, wat op himsels in frij egoïstyske gedachte is. De ferpleatsing fan it folsleine assortimint oan túnameubleminten en seksboarstersguod leit op dat stuit stil en dat is net bêst fansels. Want no mei koroana kinne wy net in soad oars as seks hawwe en yn de eigen tún op in stoel sitte. It hat dan ek eigenskip dat der lûden klinke dy’t sizze dat dat kanaal breder moat. Ik soe earder sizze dat de boaten wat behindiger moatte mar ik ha no ienkear net mear ferstân.… Lês fierder