Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXV

logo.ensafh

Boeken en benammen boekjes oer ansichtkaarten binne der by ’t soad, mar dé skiednis fan dat ferskynsel moat noch skreaun wurde. Spesjaal omtinken fertsjinnet dêryn dan de saneamde fotokaart. Guon brûke dat begryp foar eltse ansicht dêr’t in foto op stiet. Under harren H.J. Haverkate; yn syn De geschiedenis van de Nederlandse prentbriefkaart, dat boustiennen oandraacht foar it noch te skriuwen wiidfiemjende ferhaal, befellet Haverkate oan it begryp fotokaart ‘in ruime zin te hanteren voor elke kaart met een fotografisch (d.w.z. werkelijkheidsgetrouw) karakter’.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Kollum Eelke Lok: Hepkema

logo.ensafh

Ferline wike krige ik in boek tastjoerd. Troch de skriuwer dêrfan, Mark Hilberts. Syn boek is al hast in jier âld, mar it wie my foarich jier alhiel ûntkaam dat it útkaam wie. Dêr is fanwege de corona ek net safolle omtinken oan jûn.

No wie’t my miskien as republikein dochs noch wol ûntkaam, fanwege de titel, De Koning van Leeuwarden. Wylst de ynhâld no krekt wol myn belibbingswrâld is. Want it giet om de man dy’t fan 1909 oant 1947 foarsitter wie fan de Alvestêdeferiening en tagelyk in grut Frysk krantebedriuw runde: Mindert Hepkema.

Hy wie ek noch abbekaat. Dat die hy op Ankereftige wize, mei tige orizjinele ynfalshoeken.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Oer pups en kittens

logo.ensafh

Falt it jimme ek op? Wy prate oer baby-eintsjes, bisten dy’t yn ferwachting binne, kealtsjes dy’t berne wurde en mear fan dat soarte fan dingen. Wêrom dogge we dat? Wy ha dêr ommers prachtige eigen wurden foar, wurden dy’t by dy bisten passe. Wy hoege de wurdboeken der mar op nei te slaan.
It soe komme kinne om’t we de wenstige wurden kwytreitsje. Wy witte ommers hieltyd minder ôf fan it deistich libben op boerepleatsen fan earder en no. It bûthúsbankje dêr’t soks bepraat waard, is der net mear. Dêr komt by dat de grutte oantallen bisten de ôfstân tusken bisten en minsken hieltyd grutter makket.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It mystearje Fryslân

logo.ensafh

Der binne fan dy mominten yn it libben dat guon ferskillende saken samar ynienen byinoar komme. Tafallichheden dy’t foar josels betsjutting krije. Sels ha ik dat de ôfrûne tiid hân mei it Frysk en de Fryske identiteit. Ik krige bygelyks in mailtsje út Sweden, nei oanlieding fan de kollums dêr’t ik jim op tiisdeitemoarns mei lêstich fal. Dy mail kaam fan in studint, in promovendus oan it Karolinska Ynstitút yn Stockholm.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder