Blog Jaap Slager: Untfrysking

logo.ensafh

Stel: Jo namme is Schaafstal. Mar de oerheid hat yn syn wiisheid besletten en neam jo Soepboer. En dat is fan dy gefolgen dat jo foar alleman en de wrâld Soepboer binne.
Mar no komt it …
Jo hawwe it nei in libben fan strideraasje mei oerheidsynstellings yn streken dat jo foartoan by jo wiere namme neamd wurde sille. En dan krije jo de rekken thús … Jawis, dan binne jo grif in “goeie politicus als je zegt: dit hebben we misschien niet goed gedaan”, mar it soe neffens my fan piid yn ’e rêchbonke blyk jaan as jo sizze soene: “Dy’t it ûnrjucht feroarsake hat, moat ek de skea betelje!”… Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: twaspjalt

logo.ensafh

De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige, blikke. It raffelich reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te nei komt.

Lês en sjoch fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Fryslân yn 2032

logo.ensafh

Yn it noarden fan Nederlân wenje tusken de oardel en twa miljoen minsken. Allegearre yndividuën mei in eigen wize fan tinken. It blykt dat de Friezen harren net fertsjintwurdige fiele yn de nasjonale polityk. Dit soe it oardiel wêze nei oanlieding fan in ûndersyk dat de trije regionale omroppen dwaan litten ha ûnder 1123 minsken. Eh, hoe represintatyf is dat dan, mar klear. Op himsels is de útkomst net daliks om wekker fan te lizzen, want hoefolle politisy út it noarden sitte der no hielendal yn Den Haag?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Myn ferhaal

logo.ensafh

Tiisdeitejûn siet ik ek foar it ynterview mei Harry en Meghan want ik wie wol benijd nei harren ferhaal. Hoe’t it ferrûn is mei syn mem is mei rjocht in drama te neamen en hy seach deselde bui wer hingjen. Se sieten tsjin Oprah oer. Sy is yntusken ek alwer 67 jier mar noch fol fjoer. Ik mei wol oer har en nei it ynterview hie elkenien fansels wer in miening oer dit barren. Ik bin eins ek wol benijd wat der allegear fan wier is en hoe’t it keninklike stel weromsjocht op dit ynterview, dochs sille we dêr wierskynlik noait achterkomme.… Lês fierder

Vragen over Vestdijk – een Vestdijkquiz

logo.ensafh

Over zijn ontmoeting met Simon Vestdijk (1898-1971) schreef literair redacteur Hans van Straten in Het Vrije Volk van 16 oktober 1958 – een dag voor Vestdijks 60e verjaardag – dat dit de man is “die men, als een Nederlandse Goethe, in komende eeuwen ongetwijfeld met een jaarlijkse Vestdijkdag zal herdenken. Misschien zelfs in dit huis, het Vestdijkhuis, Torenlaan 3, Doorn …”

Mijn bijdrage aan dit Vestdijkjaar bestaat uit een Vestdijkquiz. Die bestaat uit 30 vragen over uiteenlopende onderwerpen die met leven en werk van Simon Vestdijk te maken hebben.
Wat moet je doen?

Beantwoord de onderstaande vragen. Voor elk goed antwoord krijg je 1 punt; alleen vraag 30 kan maar liefst 3 punten opleveren.… Lês fierder