It ynterview mei Gerben fan Snits gie oer it feroarjen fan syn achternamme. Oer de redenen foar it nimmen fan sa’n yngripende beslissing. Syn relaas draaide benammen om de gefolgen fan geastlike mishanneling en ferwaarleazging. Foar him de oanlieding om yn 2005 mei in nije achternamme troch it libben te gean. Hy die syn ferhaal om’t er lêzen hie dat yn coronatiid, dêr’t gesinnen út need byinoar op ‘e lippe sitte, bern faker mishannele wurde. By dy berjochten miste er it aspekt fan geastlike mishanneling. Dêr hie er, as ien dy’t wit wêr’t er it oer hat, in melding fan makke by it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid yn Ljouwert.… Lês fierder
Blogfragminten
Blog Johan Veenstra: De gemienteraod van West-Stellingwarf toespreken
En now za’k aanst naor et gemientehuus in Wolvege. Et is de bedoeling da’k bi’j et begin van meert-streektaelmaond de gemienteraod van West-Stellingwarf toespreken zal veurofgaonde an de raodsvergeerdering van vanaovend. Ik hebbe mien toespraoke van tien menuten goed oefend.
Lês fierder by Johan Veenstra… Lês fierder
Kollum Jan Schokker: Keunstfûgels?
Wat is it libben sûnder ambachtlike keunst? De skilders, de houtbewurkers, de bouwers, de byldhouwers en alle oare keunstners fan eardere generaasjes, de anonime ambachtslju dy’t ús safolle trefliks neilitten hawwe. Wat binne wy tsjintwurdich eins stumpers, ûnhandige dowen, simpele protters. Wêr is it misgien? Wy litte oan ús bern neat oars nei as bergen plestik en oare goedkeape rotsoai.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Ars Poetica: Poetic Forms
Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, we look at ars poetica and the art of writing poems about poems.
This week’s form is less about rhyme schemes, counting syllables, and refrains. In fact, ars poetica has nothing to do with structure. Rather, it’s focused on the content of the poem, because ars poetica is the art of writing poetry about writing poetry.
Lês fierder by Writer’s Digest… Lês fierder
Fjouwer nije Trakl-oersettingen fan Klaas van der Hoek
Klik op ‘e titels foar it folsleine gedicht
Der is in stoppelfjild dêr’t swarte rein yn falt.
Der is in brune beam dy’t der iensum bystiet.
Der is in sigentsje dat om lege klinten twirret.
Hoe trystich dizze jûn.
Dêr’tsto giest is hjerst en jûntiid,
Blau wyld jout ûnder beammen toan,
Ienlike fiver yn jûntiid.
Blauwich skimeret it foarjier; ûnder sûgjende beammen
Panderet wat donkers nei jûn en ûndergong
En heint de sêfte klacht op fan de klyster.
Swijend ferriist de nacht, in bliedend dier,
Dat stadich delsiicht by de heuvel.… Lês fierder
Kollum Ferdinand de Jong: Bloedjild yn Katar
Oar jier wurdt yn Katar it WK fuotbal spile. Dat is gjin lân om normaal te sporten, it is dêr gewoan fierstente waarm. Dochs hawwe in soad oaljedollars de altyd nei korrupsje rûkende FIFA bobo’s oerhelle om yn de woastynsteat it wichtichste toernoai yn de fuotballerij ôf te wurkjen. Ien en oar hat wol in priis. In hege priis. In beskamsume, idioate en ûnakseptabele priis.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Kollum Hilda Talsma: In hûnelibben
Ik folgje in stichting op Facebook dy’t benammen hûnen as Berner Sennens, Sint Bernards en New Foundlanders opheint. It binne entûsjaste frijwilligers en by de kennel dêr’t wy ús Timmy weihelle ha, rinne hûnen om fan dizze stichting dus sadwaande tink ik dat it wol goed sit. En foardat wy Timmy dêr weihellen, hie ik alris by in jonge Sint Bernard yn ús provinsje sjoen dêr’t se in oar plak foar sochten. It kontakt mei de stichting ferrûn hiel goed en it kaam fertroud op my oer.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder