Kollum Hilda Talsma: Ferhaaltsje foar it sliepen gean

logo.ensafh

Binne jim ek sa bliid wurden fan it hearlike winterwaar dat we hân ha? It wie sa noflik om bûten te wêzen! En ek al bin ik net sa’n grut talint op redens, it is dochs altyd moai om te dwaan, hielendal as ik ien kear de slach te pakken krij. Mar it iis wie hjir bêst wol min en dêr ik doarde ik my net oan oer te jaan. Dochs ha ik fan elke meter geniete!

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Alwer in griis

logo.ensafh

Alwer krityk, moat dat no écht? De Gysbert foar 2022 is amper út ’e startblokken, of dêr steane de roptoeters alwer oan ’e sydline te balten, fjouwer âld-winners noch wol. Mei in iepen brief yn ’e krante. Hâldt dat gejammer dan noait op, of komt wiisheid écht net mei de jierren? En dan ek altyd wer deselde krityk, is it net op de gong fan saken by de útrikking, dan wol, lykas no, kankerje op de gearstalling fan de sjuery, omdat der te min ekspertize yn te bespeuren wêze soe. Ik kin my samar yntinke dat in soad literatuerleafhawwers sa tochten doe’t dy brief oer de seleksje fan de sjuery oan de Provinsje útbrocht waard.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Het grote chagrijn

logo.ensafh

Mei’t de lêste sniebulten râne, moatte we mei syn allen suver even bekomme fan it kadootsje dat we fan Kening Winter krigen. Selden ha ik yn de lêste jierren safolle bliere minsken sjoen. Op it iis, sa treflik beskreaun troch kollega Hylke Speerstra, mar ek op oare plakken. De bern dy’t op sliden achter auto’s en trekkers oansleept waarden. Mei reade wangen en soms gierend fan de wille. Fan it talúd fan mannich fiadukt glierden oant yn de jûntiid bern op plestik sekken, op ús deistich loopke nei it jûnsiten hearden we se roppen en foaral: laitsjen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: It grutte ynklaufestival

logo.ensafh

It is grut feest. Der komt in knoarre jild beskikber foar it ûnderwiis. Yn Fryslân noch mear as op oare plakken want Deputearre Steaten sille harres der ek ta dwaan. Dan kinne de Fryske berntsjes nei in Frysktalige – (of in meartalige fansels, mar dat is logysk) – teaterfoarstelling. Dat sil foar it Frysk fansels gâns fertuten dwaan en kin de ôfslutende musical fan groep 8 moai yn it Ingelsk mei in pear wurden Hollânsk der troch.

Ik ried de lokale toanielferienings oan de generale repetysjes foar de útfierings alfêst te foarsjen fan in tagongskaartsje fan in euro as fiifentachtich of sa.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: juffer Peenstra

logo.ensafh

Ik hadde et gister in mien kollum Winter in de kraante ok over juffer Peenstra van mien legere schoele. Daor kwam nog een reaktie op van een oold-Berkoper die now in Et Vene woont. Hi’j mailde me dat hi’j as jonge wel bi’j heur in huus kwam en dat hi’j dan een koppien thee en een koekien van heur kreeg. Hi’j vun et altied zoe’n aorige, lieve vrouw. En dat was ze ok!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder