Kollum Willem Schoorstra: Helikopterâlden: oanstelle is ek in fak

logo.ensafh

Miskien ha jim de petysje foarbykommen sjoen: Tegen het op corona testen van kinderen op school. Asto as âlder derop tsjin bist dat dyn bern test wurdt nei in besmetting yn de klasse, wurdst oproppen om dy petysje te ûndertekenjen. Foar de dúdlikheid: it testen is gjin ferplichting. Meist dyn bern ek fiif dagen langer yn karantêne hâlde, dan hoege se net oan de terreur fan it wattestokje bleatsteld te wurden. De inisjatyfnimmers fan de petysje slepe de grûnwet derby om harren ôfgriis oer de ûnminsklike behanneling fan de bern in wetlike basis te jaan, se ferwize dêrby nei in passaazje oer de ûnskeinberens fan it minsklik lichem.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: It Noardlik Listlûkersdebat

logo.ensafh

It Noardlik Listlûkersdebat fan moandei 8 febrewaris wie net botte noardlik. Dat debat dat de foarige kear yn de stêd Grins holden waard, soe diskear yn Ljouwert wêze. Dat is him net wurden. De koroana hie dat fan gefolgen en oars de winter fan ’21 wol. It Noardlik Listlûkersdebat waard holden yn sosjéteit De Witte yn De Haach, dat de acht listlûkers of de ferfangende listlûkers koene moai op deselde kante kilometer bliuwe dêr’t se eins altyd al binne.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Besprek Willem Schoorstra – Jacht op de Codex Frisicus (2020)

logo.ensafh

Willem Schoorstra (1959) publiceerde na zijn prozadebuut in 2002 (de verhalenbundel Berjochten út Babel) met enige regelmaat romans, de vijfde in 2017. Dat waren nu eens hedendaagse, dan weer historische romans. Daarna schreef hij in 2019 nog het Friese boekenweekgeschenk Rosmos, dat zich in het criminele milieu afspeelt. Wat deze boeken onder andere gemeen hebben is dat ze allemaal lezen als een trein. Eind 2020 verscheen zijn nieuwste roman Jacht op de Codex Frisicus. Daarin komen een aantal typeringen samen die kenmerkend zijn voor het werk van Schoorstra. Het boek speelt zich deels in het heden, deels in het verleden (1e eeuw na Christus) af, het is spannend en meeslepend en vakkundig opgebouwd.… Lês fierder

Poste restante XXXIV

logo.ensafh

‘Een Amusant Rijtoertje in “Aapje 117.”’ (m.û.), ±1900–1905. Klisjee- en boekdruk yn swart en rôze, 92×137 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels De Haach 04-06-1905 en Marsum 05-06-[1905]. Ferstjoerd oan Wietske Bruinsma, Marsum, troch ‘H.E.’

Wa wit hawwe har hospes en hospita, it echtpear Jan van der Heide en Trijntje Oreel, de kaart earst yn hannen hân en har der efkes mei pleage. Mar wisten Jan en Tryntsje wat it plaatsje krekt foarstelde en wêr’t it ûnderskrift op sloech? En wist harren kostgongster, de 26-jierrige Wietske Bruinsma, ûnderwizeres yn Marsum, dat eins wol?

It wurd aapje, om te begjinnen, yn it ûnderskrift ‘Een Amusant Rijtoertje in “Aapje 117.”’… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Bearenboargerrjuchten

logo.ensafh

Dauwe rûn net earlik rjucht mear, doe’t er by syn sûpstalke Romke wei kaam. No ja, bearenboargerrjucht, lit ús mar sizze. Hy stapte frijwat oer de foet, sjuch. En net allinnich oer de foet. Doe’t er thúskommen nei boppen ta soe, roaide er planút de ûnderste treptreed mis en plofte er mei ien hân oan ’e lining efterstebek op ’e estriken flier del.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder