Een woordenboek van het Nordfries, van het Nordfriesisch of van het Noord-Fries?

logo.ensafh

De grofste indeling van het moderne Fries kent drie groepen: wie in het westen begint, komt eerst het Fries van de Nederlandse provincie Friesland en het aanburende stukje van het Groninger Westerkwartier tegen, dan rijdt ie een tijdlang door de ontfrieste Groninger Ommelanden en Oost-Friesland om in het Saterland opnieuw Fries tegen te komen. Daarna gaat de reis verder naar het noorden en die eindigt als aan de westkust van Sleeswijk-Holstein het Fries van Noord-Friesland te horen is.

Lês fierder by Henk Wolf op Neerlandistiek.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Natuermuseum Fryslân

logo.ensafh

It sit it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert net mei. Krekt as alle oare ynstellingen hat it te krijen mei koroanaswierrichheden. Dat betsjut dat it oan 2 maart ta ticht is. Dêr steane fergoedingen foaroer, mar dy meitsje dat allegearre grif net goed. It Natuermuseum hat ek lêst fan it skeel tusken de eardere direkteur en de meiwurkers. “Hy derút, of wy derút”, lies ik earne yn in krante. It waard de direkteur. Sûnt koart is der in nije ynterimdirekteur oansteld. Dy swierrichheden ha jild en enerzjy ferge. Dat is spitich. Beide hiene better oars ynset wurde kinnen. Dêr komt noch by dat de Provinsje minder subsydzje beskikber stelt.… Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Pas op inoar,dat is is it beste

logo.ensafh

Wolsto dy yninte litte tsjin de corona?

Dat is de wichtichste fraach hjoed de dei. De minsken om my hinne binne yn de war; wat is it beste? De bern wurde skille, sels witte se it ek net wat te dwaan.

Fan heger hân witte se it ek net, seit min. Min kin kieze: moarn yn Ljouwert of pas folle letter hjir, yn it tehûs.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Yn in goede winter is elkenien gelyk

logo.ensafh

Eins is it wol sneu allegear. Meie de bern wer nei skoalle, wurdt it winter. Brûkt Piet P. ien kear it wurd ‘horrorwinter’ net yn syn jierlikse foarsizzing, wurdt it fuortendaliks in ‘winter des doods’. Hoewol’t dat lêste, sa’t it no liket, wol wat tafalt. Mar der leit snie en der komt iis. En dêr sit ek in sneue kant oan, om’t de KNSB gjin wedstriden op natueriis organisearje mei yn ferbân mei corona. Gelokkich kin der mei wat oanpassings wol gewoan riden wurde, op banen sawol as bûtenút, dus dat is hartstikke moai.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Sliepende redens

logo.ensafh

Elkenien kin him ris fersinne fansels. Mar oft jo dagenlang oankoerse op in horrorsenario en dêrby allegeduerigen 1979 oanhelje as foarbyld en de kâns sawat 99% is dat wy dêr by yn e’ buert komme dan binne jo gjin waarman mar in fantast. Driget soks te mislearjen dan goaie der ris in orkaan yn mei wynkrêft 35 en as dy ek oergiet dan komme jo mei in kustfront. Dat is de sitewaasje dêr’t wy no yn sitte. Underwilens is it heale lân spikergek en wurde alle regels oan kant set.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Blog Jaap Slager: Helpers út ‘e wei

logo.ensafh

Ik koe myn autokaaien net fine, ju, anderje ik op syn ferwyt dat ik him wachtsje litten haw, as ik by myn kammeraat yn ’e auto stap, dy’t my nei Mértola ride sil om myn auto op te heljen dy’t wer klear is.
Dy sil de garaazjeman wol hawwe, net, ornearret er.
Do bist tûker as ik, moat ik myn Dútske gelegenheidssjofeur, dy’t fiif jier âlder is as ik, tajaan. It koste mij in heal kertier en betink dat!

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder