Kollum Aant Mulder: Us lân oan diggels

logo.ensafh

Ik hoopje dat we it slimste hân ha as jimme dit hearre of lêze. Ik kin lykwols de rebûlje fan wat dagen ferlyn mar min kwyt wurde. It hat aldergelokst net echt yn ús omkriten spile. Dêr binne we hjirre yn it noarden dochs wat te nochteren foar, tink ik. Hoewol, yn Drachten en Ljouwert ha wol needferoarderingen fan krêft west. Op Urk, yn Swol en yn in grut ferskaat oan oare plakken wat fierder fuort wie it lykwols raak. Sok opskuor hâldt my dus yn de besnijing. It dwaan en litten fan de politisy en de bestjoerders, dy’t mei hieltyd mear ferbaal geweld dêr skande fan sprekke, jildt itselde foar.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Ik ha corona(-mazzel)

logo.ensafh

Earst krijst in berjocht fia de mail. As in soarte fan aperityf om op stoom te kommen foar it haadgerjocht. Yn dy mail stiet datst oer in kertier ynlogge kinst om de útslach fan de test te besjen. Yn dy fyftjin minuten kinst in kear nei de wc, de neils ôfbite en de kattebak ferskjinje. Dat lêste hie ik dien, doe’t ik de link fan coronatest.nl oanklikte en de útslach yn my opnaam.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Lomme Schokker: Jan J. Bijlsma; Ut: It forsin

logo.ensafh

“Sil wy nou mar begjinne mei it offisiéle fraechpetear? Dan lit ik de bân rinne, hear.”
“Oké!”
Marcel skeakele de rekorder yn.
“Dou hast, Rienk O Nanninga, dit jier de Homme Hindrikspriis woun. Dat is in greate eare. Sjochst it ek sa?”
“Ja, eare! Hwat is nou eare? Sjoch, ik sil dy sizze dat ik fansels bliid bin mei it jild en greatsk dat ik as skriuwer nou de heechste priis yn Fryslân krigen haw. Mar it aldermoaiste fyn ik dat myn fijannen noch lilker op my wurde. Dat is prachtich.”
“Hast dan dyn fijannen nedich?”

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Henk van der Veer: I.M. Jan J. Bylsma

logo.ensafh

Frysk dichter Jan J. Bylsma is ferstoarn. Ut bericht staat fandaach op’e site fan Omrop Fryslân. Dat bericht doët mij mear as ik miskyn wel toegeve wil. Wear un dichter en skriëver út de Friese Lettertún dy’t nyt mear onder oans is. Lul asjeblyft nyt over moaie leeftyd & su, kan’k min over at minsen overleden binne.

Ik weet nòch goëd wannear’t ik Jan J. Bylsma foar ut earst teugen kwam. Sterkernòch ik skreef der over in myn digitale dachboek op 1 augustus 2004. Un dach earder was myn earste ontmoeting met Bylsma.

“In Amersfoart stapten un man en un frou de folle koupé in.… Lês fierder

Dansa: Poetic Forms

logo.ensafh

Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, we look at the dansa, an Occitan poetic form.

I found the dansa in Robin Skelton’s The Shapes of Our Singing, and I have to say it’s been fun to write. The dansa offers just enough rules to give some structure to the poem, but it still lends quite a bit of freedom to the poet. It’s an Occitan (the official language of Catalonia) form with no set meter.

Lês fierder by Writer’s DigestLês fierder

Kollum Jan Schokker: Kompensaasjefûgels

logo.ensafh

Frjemde fûgels? Dêr sit tsjintwurdich negoasje yn en dat komt sa. Us famyljebedriuw, dat sûnt koart yn de bysûnder bekwame hannen fan myn bern florearret, is foar in wichtich part spesjalisearre yn standbou, dat is it fabrisearjen fan stands foar presintaasjes fan bedriuwen en produkten yn binnen- en bûtenlân. Troch de koroana leit dy hannel fansels finaal op syn kont. It beursgebou fan de RAI yn Amsterdam en bygelyks ek de Leipziger Messe yn Dútslân binne foar’t sa lang it duorje sil ferwurden ta test- of faksinaasjesintrums. Yn ús profesje sitte se foar it measte dizze dagen troch wat te tomkemeallen.… Lês fierder