Blog Abe de Vries: ‘Wjerspegelje’ bewiist ús kulturele earmoede

logo.ensafh

Efkes yn ‘e spegel sjen en wy witte krekt hoe’t wy derfoar stean. Griis by de earen, tearen oppe de noas, reade ierkes yn it eachwyt. Wy kinne oant tsien telle of oant tweintich: it byld wurdt der net oars fan.

Tritich Fryske ‘dichters’ – it oantal komt fan Pieter de Groot (‘Poëzie als troost’, LC, 30 jannewaris), de skrapkes binne fan my – skriuwe sa’n fyftich koarte ‘gedichten’ – in rigel as tsien – dy’t op spegels yn ’e húskes fan restaurants en kroegen plakt wurde sille. Leafst boppe de kraan foar it hânwaskjen. It projekt hjit ‘Wjerspegelje’.

Ik seach it briefke, ferline jier, dêr’t de organisaasje yn frege om mei te dwaan en ha der doe ek al wat oer skreaun.… Lês fierder

Willem Verf: Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee

logo.ensafh

Sûnt septimber 1989 bin ik foarstanner fan in Brede Maatskiplik Diskusje Frysk. De organisaasje fan de Slach-by-Warns-Betinking hie my frege om op it Klif te sprekken. Ik woe earst ôfsizze, soks wie wat foar djipfriezen, net foar in links persoan lykas my. Mar ik naam dochs oan, ik woe dy minsken net teloarstelle, foaral ek omdat it moai wie dat hja ris bûten har wenstige kringen in sprekker sochten. Soks fertsjinne wurdearring. Lykwols: ik woe ’t net ha oer wêr ’t wy as Friezen rjocht op hienen en hoe slim at it wie dat oaren ús dy rjochten net gunden.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Beskaving

logo.ensafh

In jier lyn wie in folslein gewoan om elkoar in hân te jaan. It wie in teken fan beskaving, as bern learden jo dat it fan fatsoen tsjûge as je immen kreas de hân skodden en jo foarstelden. Dat gebrûk, dat stikje beskaving, hat in lange skiednis. We dogge it al in pear tûzen jier. By de âlde Griken waard der al hannen skodde. It siet oant in jier lyn gewoan yn ús systeem. By in sluten fan in keap, by it ja sizzen by in houlik. Elkoar in hân jaan hearde by ús westerske libbenswize.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Martsje de Jong: Het Masterplan van Jensma

logo.ensafh

De universitaire mogelijkheid om Friese taal en cultuur te studeren is zo langzamerhand bijna helemaal verdwenen. Een jaar of veertig geleden kon je hiervoor nog op vijf grote universiteiten in Nederland terecht. Ondertussen is het al bijna tien jaar geleden dat bij de Rijksuniversiteit Groningen de laatste ‘doctorandus Fries’ is afgestudeerd.

Voor een vak als het Fries loopt het geen storm wat het aantal studenten betreft. Met te weinig studenten heeft een universiteit er weinig zin in om in de studierichting te investeren. Daarom heeft hoogleraar Goffe Jensma van de Groninger universiteit het Fries in 2013 ondergebracht bij de toen nieuwe studie Minorities and Multilingualism.Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Reorganisaasje

logo.ensafh

In nij jier is in moaie gelegenheid om wat saken op in rige te krijen. De kast opromje, it wurkplak opskjinje, soksoarte dingen. De krystboarrel fan it wurk ein desimber wie ek myn ôfskied. Dêr seach ik wol efkes fan op, want ik bin net fan plan om definityf ôfskied te nimmen. It wie likegoed leaf, it die my in bytsje tinken oan de ôfskieden by de Fryske Akademy dy’t ek altyd hiel waarm en persoanlik binne. No wie it in online barren, dat docht wol wat ôf oan de sfear, mar hawar.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder