Blog Koos Tiemersma: Dea spoar

logo.ensafh

Wy skriuwe 1975. Mei in farske beneaming oan de Ds. Griffijnskoalle yn ’e bûse setten wy ta op Kollumersweach. Der moast ommers in hûs útsocht wurde, sa’t master Wiersma ús te witten dien hie. Dat ‘útsykjen’ moast letterlik nommen wurde, begriepen wy doe’t it ‘Hoofd der School’ ús in rûnlieding joech troch in fikse nijbouwyk dêr’t noch amper in hûs fan bewenne wie.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Kollum Hilda Talsma: De wolf en de earrebarre

logo.ensafh

Ik wie fan ‘e wike in blok om mei myn suske Nynke en ús hûnen en doe sei ik dat ik eins noait mear in hazze yn it lân sjoch. Sadree’t ik bûten it doarp wie, scande ik earst altyd alle stikken lân om de hazzen earder te sinjalearjen as myn hûnen, mar sûnt in skoft sjoch ik gjin lange earen mear boppe it gers út kommen en boartsje se ek net mear yn it lân. Ik frege my ôf hoe’t dat dochs koe. ‘Miskien wol troch de earrebarren’, sei myn suske.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Pidgin

logo.ensafh

Soms ha jo minsken dy’t fan healwizichheid net mear witte wat se útfine moatte. Sa’n tiid sitte wy no fansels ek yn mar dêr wol ik it net oer ha. Bushokjes en sa ôfbrekke is fan alle tiden dat dêr doel ik daliks ek net op.

Bekende foarbylden fan sokke balstjurrichheden binne bygelyks beachvolleybal, blaasfuotbal en plankjekeatsen. Dat is allegearre frij ûnskuldich en op himsels is der net folle mis mei, it folk is teminsten fan ‘e dyk.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Teleks: Nochris oer “It aai fan Dingtiid”.

logo.ensafh

DINGtiid sjocht as oplossing dat der mear fokus, rezjy en ferbining komt. Soks soe plakhawwe moatte yn in nij op te rjochtsjen kennisberie, mooglik útrinnend op in ‘Kennisried fan it Frysk’. Wy ûnderskriuwe in soad konklúzjes fan dit DINGtiid-rapport. It is lykwols by dizze wichtichste oanbefelling dat wy grutte fraachtekens pleatse. En wy binne net de iennige lyk as blykt út de kollum fan fan Pieter de Groot “DINGTIID hat syn aai lein” (LC 18/12). Freddy Weima, bestjoerslid fan DINGTIID reagearret op dy kollum yn syn “Fryske ynstellings pak it inisjatyf” ( LC 21 desimber). Lykas yn it rapport giet Weima yn syn reaksje net yn op de kearn fan it probleem.… Lês fierder

Blog Huub Mous: Then what are we fighting for?

logo.ensafh

Joop en ik hadden niet zoveel met elkaar. Als we bij elkaar in de buurt kwamen, wisten we elkaar zorgvuldig te ontwijken. Hoe dat kwam weet ik niet precies. Misschien dateert die afstand wel uit de tijd dat ik de artistieke leiding mocht hebben over het Frysk Festival, de jaren 1995 en 2000. Joop was toen al een autoriteit op festivalgebied met een naam tot ver buiten de grenzen. Bij hem voelde ik me altijd als de spreekwoordelijke muis in de nabijheid van een olifant.

Lês fierder by Huub MousLês fierder