Blog Wokke de Ruiter: Kryststikje fan it Libben

logo.ensafh

Troch de coronarigels wurdt er troch de fersoargingshûzen fan alles útfûn om de minsken mar ôflieding te jaan. Ek oan my waard de fraach steld; “Wer hâlde jo fan?” Der moast ik oer neitinke.

Spultsje dwaan as kryststikjes meitsje?
Kryststikjes meitsje kin ik ek net -ik bin net kreatyf- mar ferhalen fertelle, dat kin ik dan wer wol..

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: drege wurden

logo.ensafh

De sprekkers fan it Sealterfrysk dy’t ik moete ha, binne allegear geweldich helpfeardich. As se tinke dat ik in wurd net begryp, dan lizze se efkes út wat it betsjut of se jouwe der in Dútske oersetting fan. De wurden yn it rychje hjirboppe (foar it gemak efkes skreaun yn de Steatestavering) binne fan dy wurden dy’t minsken yn it petear spontaan foar my oerset ha.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Daam de Vries: Wat moat der foaral net barre?

logo.ensafh

De krisis begjint aardich op in klucht te lykjen. En mei in klucht is it meast de bedoeling dat jo jo de bûsen útskuorre dat ik ha mar besletten dat ek te dwaan.

De iene lijt mear ûnder de krisis as de oare. Dyjingen dy’t it lûdst krimmenearje ha it minst te lijen, dat is it útgongspunt. Noch net sa lang lyn mjekkeren de supermerkbazen om it lûdst dat it klauwen mei jild koste mei al dy winkelkarrehimmelfamkes en sa. Dat sil. Mar oft jo yn sawol it Deiblêd as de Ljouwerter (en nei’t ik oannim yn noch aardich wat oare kranten) 8 (acht!)… Lês fierder

This Christmas, read a story aloud – you’ll be surprised by the joy it brings

logo.ensafh

With many of us set to spend Christmas on Zoom or the phone, author Sarah Hall shares why dark and daring tales are perfect to read to others – and 10 great stories to try.

As this year of illness, lockdown and loneliness heads towards its bitter end, finding ways to keep connected and our spirits buoyed is crucial. This might have seemed like the year of the writer, because cabin fever, economic precariousness and a climate of dystopia are staples for the profession. It might have been the year of the reader, as the desultory days of furlough and confinement allowed for more leisure activity.… Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: rekkenskip

logo.ensafh

De tiid hâldt skoft ast net yn beweging bist, teminsten sa liket it soms. Wiken wurde as it ware wei yn in skiere mist, alteast as de gong der út is. Dagen wurde as nachten ast dy deljoust of deljaan moatst. It ûndergean fan tiid bestiet út ferrifelderij en feiten. Foar it iene slútst de eagen en fan it oare nimst rekkenskip. Alle moannen telle lykwols gewoan de dagen oant en mei de lêste ta. Beweging yn tiid hâldt gjin skoft. Kinst foar en achterút rinne. Kinst rûntsjes drave. Kinst in dearinnend paad nimme of de holle dellizze. De tiid bliuwt op koers.… Lês fierder

Kollum Eelke Lok: Fuort

logo.ensafh

Kryst is de tiid om oer dit kloatejier 2020 nei te tinken, we ha dochs neat oars te dwaan. Einkonklúzje: we meie dan wol net fan it plak, mar der bin likegoed in soad dy’t fuort moatte.

Yn elk gefal de kening. Twa kear ferûntskuldigingen foar eigen dom reisgedrach oanbean. At je no nóch net witte dat je in foarbyldfunksje ha, dan funskjonear je net. Lit we dan ek mar, sjoen de kosten, it hiele keningshûs op’e dwinger smite. Dy Bernhard kin it spul wol ûnderhâlde fan wat wy him oan hier betelje.

Lês fierder by Eelke LokLês fierder