Kollum Ferdinand de Jong: Wetter

logo.ensafh

De bosken ferdrûgje, sa docht bliken. No hoege jo net in grut gelearde te wêzen om dat te konstatearjen. Wy hawwe de lêste jierren hiele hjitte en drûge simmers en yn de winters falt der net genôch wetter om it tekoart op te lossen. Dus kampe de beammen yn bygelyks Oranjewâld mei in groanysk tekoart oan drinken. Der wurde no maatregels naam om dêr wat oan te dwaan.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Rannaigecht: Poetic Forms

logo.ensafh

Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, we look at the rannaigecht, an Irish quatrain form filled with rhymes.

The rannaigecht is an Irish poetic form. In fact, there are actually a few versions of the rannaigecht, and I plan to cover them all on here eventually. But first, I’m going to share the rannaigecht proper as shared in Robin Skelton’s The Shapes of Our Singing.

Lês fierder by Writer’s DigestLês fierder

Blog Lomme Schokker: De flecht fan Victor

logo.ensafh

Yn de nacht fan moandei 19 novimber 2001 ride trije mannen om healwei tolven yn in alve jier âlde fiifbaks Seat Marbella Special út de útsloerde arbeidersbuert Villaverde fan Madrid rjochting it noardwesten. Yn de kofferbak lizze trije pistoalen, twa Kalashnikovs, in rêchsek mei ûnder mear in flesse Katalaanske Campo de Borja fan de wynkoöperaasje út harren bertedoarp, in stikmannich stevige touwen, in kilo semtex en noch wat oar guod dat dy nacht miskien fan pas komme kin.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Blog Hanneke de Jong: Korona: is It Ferbeane Boek ferbean?

logo.ensafh

Dit jier hat foar my twa boeken opsmiten: ‘Sis my wa’t ik bin’ en ‘It Ferbeane Boek’. In geweldich jier, soe’st sizze. Mar nee, beide boeken kamen út yn de tiid dat it lân op slot wie. ‘Sis my wa’t ik bin’ hie presintearre wurde sild op 15 april, de Fryske befrijingsdei. En yn de wike dat ‘It Ferbeane Boek’ útkaam, gie de boel wer ticht. Om dy de triennen út de kop te janken, ek al om’t ik net sa’n rappe skriuwer bin.

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder

Blog Daam de Vries: Rikke beropswoarst, net te fretten

logo.ensafh

Fan de beropsfriezen begryp ik dat in ‘rookworst’ in rikke woarst is. Dat is fansels net sa, in ‘rookworst’ is in ‘rookwoarst’. Want in rookwoarst wurdt net rikke mar sean, dêr wurdt hielendal gjin reek by brûkt. By de rook fan gers wurdt ek gjin reek brûkt, gers rikket net mar gers rûkt. Dong rûkt ek al wolle guon hawwe dat it stjonkt. Sokken binne finaal bedoarn, ik soe net besykje dêr mei yn petear te gean.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Kollum Aant Mulder: Grutte barrens, lytse rûnten

logo.ensafh

Ik hie it nea tocht, mar ik sjoch hieltyd minder telefyzje. Der wurdt hieltyd sein dat soks foar de jongerein jildt, mar ik ha der dus ek lêst fan. It hat te krijen mei myn foarkar. Ik hâld fan nijs- en praatprogramma’s, fan diskusjes. Sokke programma’s hiene altyd al it beswier dat se jûns betiid of krekt let útstjoerd wurde en in dei letter is it âld nijs. Dat is noch dêroan ta, mar stadichoan falt op dat it tal ûnderwerpen hieltyd beheinder liket te wurden. It giet de redaksjes fan dy programma’s om de grutte barrens. Dêr wolle se it allegearre oer ha.… Lês fierder