Kollum Ferdinand de Jong: NET normaal

logo.ensafh

It jier 2020 kreaket en pipet nei syn ein. We kinne live tsjûge wêze fan ien fan de grutste skandalen yn de lêste desennia, nammentlik de taslagenaffêre. Mar aldergelokst foar de hearen en dames dy’t foar de ûndersykkommisje komme moasten en it allegearre fansels spitigernôch net mear sa goed op de radar stean hienen, wie der foar harren de rêdingsboei dy’t Forum voor Democratie yn it wetter smiet.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Toerelul

logo.ensafh

Ljouwert mei himsels graach foardwaan as City, of leaver noch as Capital City, dit sjoen de festivals dy’t yn ús haadstêd har basis fine. Wat oars te tinken fan The City of Literature of ús prachtige Cultural Capital? En dan is Ljouwert net Capital fan Fryslân, mar fuort fan it hiele noarden: Explore the North! Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Blog Jaap Slager: De wrâld is goed…

logo.ensafh

Ik ken dat bedêste glimke, realisearje ik my, hoenear’t ik sa’n út ’e macht woeksen jonge sjuch, bygelyks by in talintejacht op it tillefyzje nei’t er syn keunstke fertoand hat. Ik ken dat glimke fan myn bruorren doe’t hja sa âld wiene, en fan ús heit op in âld fotoke dêr’t er as jongfeint op stiet. Dat, ik sil sels doedestiids ek sa’n glimke om ’e mûlshoeken hân hawwe, tink. En, as ik bern hân hie, dan hie har dat nei alle tinken ek op it antlit beitele west.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Pier Boorsma: Foar memmetaal is gjin substitút

logo.ensafh

Op 5 july l.l. stie yn ’e Ljouwerter Krante dat in Klaas van Tempel yn ’e oarloch it kamp oerlibbe hie troch syn tinzen oan ’e famylje en oan Fryslân. It tinken oan de taal, de kultuer en it lânskip, de eleminten dy’t foar it grutste part de Fryske identiteit útmeitsje, moat him dy krêft jûn ha. Dy identiteit jout krekt as oare identiteiten betsjutting oan it libben en kin jin sa stypje yn omstannichheden dy’t de minslike weardichheid oantaaste.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Aant Mulder: In skoech en in kearske

logo.ensafh

As ik de lêste moannen fan it jier ferlykje mei dyselde moannen yn myn jongesjierren, dan binne der mear ferskillen as oerienkomsten. It liket wol oft neat gelyk bliuwt. Ik bedoel dan benammen de feesten yn dy moannen. It moat allegearre moaier, grutter en djoerder. As we soks sels net betocht ha, dan hat de middenstân dat wol dien. It giet hieltyd faker om in hieltyd grutter ferskaat oan iten en drinken, gruttere kado’s. Dat jildt ek foar de feesten sels. Hieltyd gruttere organisaasjes sette hieltyd mear yn op mear minsken. Dêr liket fan ’t jier in lyts bytsje in omkear yn te kommen.… Lês fierder