Blog Johan Veenstra: Vannaacht gruwelik droomd

logo.ensafh

22 november – 17.00 – Ik hebbe vannaacht gruwelik droomd. De dood was slim dichtebi’j, za’k mar zeggen. Doe ’k om goed acht ure wakker scheut, duurde et even veurda’k in de gaten hadde dat et mar een droom was en bin ’k even liggen bleven om te bekommen. Vandemiddag he’k, omdat et mooi weer was, een kuier van twie kilemeter maekt. Ik moet zien da’k weer wat meer energie kriege! Binnenkot za’k drie kilemeter perberen!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXII

logo.ensafh

Buorden lâns it spoar yn Snits mei reklame foar en tsjin Bols, 1910. Ljochtdruk, 89×139 mm. Utjûn troch de ôfdieling Snits fan de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken. Poststimpels Snits 04-07-1910 en Loosdrecht 05-07-1910. Ferstjoerd oan juffer M. Koopmans, p/a Willem Voogsgeerd, Nieuw-Loosdrecht, troch ‘P.K.’.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Blog Abe de Vries: Lêzing oer Waling Dykstra

logo.ensafh

‘Sense of place’: Waling Dykstra yn Froubuorren

Lêzing útsprutsen by de presintaasje fan Folksskriuwer yn it doarpshûs fan Froubuorren, 20 novimber 2020

*

Wat makket it út wêr’t in skriuwer weikomt? Of wat er yn syn jonge jierren meimakket?

Net folle, sizze guon dy’t oan de teksten fan de skriuwer genôch hawwe. Mar teksten roppe fragen op, of litte har ûnderfreegje, en wat as de romans, ferhalen en gedichten fan dy skriuwer ferbân lykje te hâlden mei wêr’t er weikomt en út watfoar fermidden er stammet? Dan wurdt ek it útdjipjen fan de biografyske aspekten fan in skriuwerslibben miskien nijsgjirrich. Soks kin mooglik mear ljocht smite op har of syn skriuwerij.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Frou mei mûlkapke yn de tsiiswinkel

logo.ensafh

It wurdt heech tiid foar in fleurige feel good kollum. Sis no sels, we wurde mei syn allen mar in griis, jankerich folkje. Alles dat earder wol mocht mei net mear en nimmen liket der mear echt de fleur yn te hawwen. As ik yn myn buske op wei bin nei myn wurk, sjoch ik inkeld tryste gesichten yn de auto’s dy’t ik tsjinkom.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Set de wekker!

logo.ensafh

Al jierrenlang besiket Skriuwend Fryslân Omrop Fuotbal safier te krijen en besteegje ris wat mear omtinken oan de Fryske literatuer. Al jierrenlang smyt dat besykjen nul komma niks op, mei troch it kabaal dat de sportredaksje dêr makket. En dan is der ynienen in nije columnist yn de Ljouwerter mei in fûle en net mis te fersteane opmerking oer de hiele gong fan saken, en ynienen is alles oars.

L6es fierder by Koos TiemersmaLês fierder