Kollum Gerard de Jong: Stok

logo.ensafh

’n Spandoek bij de ingang fan ’t dorp kondigde ‘t an: in de seumermaanden op elke sundegoffen ‘n ‘marché de terroir et artisanale’. De sundegsoffensmet is niks besonders in Frankryk, maar in elk dorpy weer unyk. Deuze waar fooral unyk fanwege syn beskaiden omfang. ’n Perzikdissy (fijf foor ’n euro), wat kraaltsyboel, ’n súkkelary-kraampy, ’n pottebakker en selsmaakte sjem.

Fansels wort d’r sundegsoffens bôl haald, maar deuze sundeg mocht d’r ok stimd worre in de tweede ronde fan de Frânse ferkiezings. As ekskús om ’n terrassy te pakken hewwe de Frânsen gyn ferkiezings norig, maar ’t kon gyn kwaad. D’r waar genog folk op ‘e lap.… Lês fierder

Arjan Hut: Pier Boorsma, dichter ûnder de dichters

logo.ensafh

Snein yn it keunstnersdoarp Asgaard sitte we yn mienskipsromte De Witte Wolk, mei in ploechje poëzyleafhawwers. In poëzypicknick. It waait en docht, goed dat we diskear net bûten foardrage. Ien fan de besikers is Pier Boorsma (1944). De dichter sit foaroan, hy is mei Sipke de Schiffart yn de auto kommen. Sipke sil foardrage, hy hat syn nije bondel mei. “Hy is noch net online te besetten, mar leit faaks al by de Afûk”, seit er. Pier draacht net foar, al hat er ek in nije bondel út. Dy krige in kreas besprek yn de Ensafh.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Blog Johan Veenstra: Orchidee

logo.ensafh

15 juli 2024.

Eindelik weer een dag heerlik weer. Ik bin vandemiddag op ‘e fiets naor Marian in Wolvege west veur fysio. Dit was (veurlopig) de laeste keer. Et gaot now wel weer goed, mar ik wete da’k ieder jaor wel een riete hebbe da’k naor heur toe moet. Ik bin daornao naor de slaachter in Wolvege west en daor he’k wat kaant en klaore maoltieden kocht. Ze bin grif lekkerder as dat spul uut de supermark.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Frysk yn ’e klasse It Tredde Sté

logo.ensafh

‘In u mei in dakje sprekke we út as in “oe”’, seit juf Anna Veenje fan OBS It Tredde Sté yn Jirnsum. In learling út groep 5 lêst lûdop in tekst foar oer in tiny house. By it wurd ‘skjinmeitsjen’ stroffelt se efkes. Mar har klasgenoatsje wit presys wat der stiet en helpt har.

Ien kear yn de wike jout juf Anna Frysk yn groep 4/5, soms wat faker. Dan ferdielt se it oer de wike. ‘Ik nim der echt de tiid foar, want ik fyn it belangryk dat se it goed lêze kinne. Ik lit se ek wolris foarlêze by de kleuters.… Lês fierder

Hjoed

logo.ensafh

It Fryske wurd hjoed liket net safolle op it Nederlânske ‘vandaag’. Mei it Dútske ‘heute’ binne de parallellen oars folle dúdliker. Hjoed is dan ek net net besibbe oan it Nederlânske ‘vandaag’, mar oan ‘heden’. De Proto-West Germaanske foarm hat nei alle gedachten wat as *hiu dagu west, wat letterlik ‘op dizze dei’ betsjutte.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Teleks: Dichter Dam hat twa komponisten oan it wurk

logo.ensafh

Dichter Dam hat twa komponisten oan it wurk

Dichter Eppie Dam, bekend fan ferskate produksjes, hat op dit stuit twa komponisten oan it wurk. Alderearst lei er in Frysk Stabat Mater yn hannen fan Jan de Jong. It Stabat Mater is yn ’e midsiuwen dichte yn it Latyn en oerset yn hiel wat talen. Allinnich al yn it Nederlâns binne tsien ferzjes ferskynd, dêr’t dy fan Vondel, Guido Gezelle en Willem Wilmink de bekendste fan binne. It Stabat Mater fertelt fan de lijende mem Maria steande oan it krús. Jan de Jong foeget him yn ’e rige fan wrâldwiid 300 komponisten, mei dêrûnder alle bekende nammen.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: De moard op ‘e MH17 passagiers

logo.ensafh

Woënsdach anstaande, 17 júly, is ut op’e kòp ou 10 jaar leden dat de MH17 boven Oekraïne delskoaten wurdde met un Russise raket. Alle 298 insittenden kwamen om ut leven, 196 hadden de Nederlaanse nasjonaliteit. Al was ut de dach fan gister.
At der sukke histoarise momenten binne, dan skriëf ik dat altyd op, in een fan myn dachboeken, al òf nyt digitaal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder