Kollum Hilda Talsma: Ferbale jarre

logo.ensafh

Rutte en De Jonge ha woansdei yn in livestream op social media antwurden jûn op fragen oer it firus en ik ha efkes nei de reaksjes sjoen. Oan ‘e iene kant wurde se wurdearre en oan ‘e oare kant foar rotte fisk útmakke. In protte minsken fine dat alles de skuld is fan de oerheid, sels as se yn ‘e skiterij binne. Se kinne der blykber neat oan dwaan dat se de ferbale jarre der mar gewoan útblabberje.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Johan Veenstra: Een man mit medesienen

logo.ensafh

10 november – 17.00 – Now begint et blad van de iekenbomen ok naor beneden te dwarrelen in de bos naost huus. De oprit ligt vol. Gelokkig kommen de tuunmannen van ’t jaor nog een keer om de bladboel op te rumen.
Omda’k nargens henne kan en mag, kan ’k ok gien medesienen van de apteek haelen. Gelokkig brengt die dat spul ok wel an huus. Zowel gister as vandaege het hier zodoende een man mit medesienen west.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Blog Daam de Vries: Te keap: sjoernalisten

logo.ensafh

Sawat in heale ieu lyn wennen der yn Ingelum in pear minsken dy’t de krystbeam oant de Peaskedagen stean lieten. Dat wie frij apart, it hiele doarp wist it en hie it der oer. Der waard noch krekt gjin skande fan sprutsen.

As wy in heale ieu fierder binne dan hellet it folk de krystbeam mei de Peaskedagen yn ‘e hûs, wy skarrelje dy kant al aardich út. ‘Krystbeammegekte’ wurdt dat neamd. De oarsaak soe lizze yn de grutte fraach nei krystbeammen. Dat is fansels klearebare flauwekul, de iennichste reden is dat túnsintra en boumerken ús dy dingen troch de strôt triuwe wolle.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: In heal bunder gelok

logo.ensafh

Ik deidream hieltyd faker oer in stikje lân. In hoeke fan in heal bunder dêr’t ik myn fantasy op loslitte kin. Fruitbeammen, blommefjilden, in krûdehof, in grutte fiver dêr’t hartsjes en wylde swyntsjes komme kinne te drinken. In gedichtepaadsje. Faaks in boartersdiel mei wylgehutsjes en oare natuerlike bouwurken. It is in mearjierredream dy’t hieltyd mear stal krijt, en alle kearen evaluearret. Lêsten wie ik by ‘Tuin in de stad’ foar in wyldplukkuier, dêr’t se ta myn fernuvering in bytsje dogge wat ik foar eagen ha. Dêr ha ik ek wat ynspiraasje opdien.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder