Kollum Willem Schoorstra: In mearderheid fan folsleine idioaten

logo.ensafh

De minske fan tsjinwurdich is in nei syn aard egoïstysk en bûtengewoan aaklik skepsel. Dat is it oerhearskjende byld as jo deistich it nijs folgje, meidraaie yn de prestaasjemaatskippij en geregeld in rûntsje oer sosjale media meitsje. It byld dat him oantsjinnet is dat fan in mearderheid fan folsleine idioaten, fan narsisten dy’t it eigen belang oanbidde, fan materialisten dy’t miene dat jild en status in rjocht is yn stee fan in fertsjinste, twa hûzen en trije auto’s noch net genôch fine. Rappers fan achttjin en guon boomers allyk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Sonnettengenerator

logo.ensafh

In 1961, toen er nog geen internet bestond, maakte Raymond Queneau Cent mille milliards de poèmes, een boek met allerlei strookjes. Op ieder strookje stond een dichtregel, zodat je met die strookjes zelf je eigen Queneau-sonnetten kon maken. In 2017, toen internet al wel bestond, maakte Pieter Breman een Nederlandse sonnettengenerator.

Lês fierder by Bas Jongenelen op NeerlandistiekLês fierder

Kollum Jan Schokker: Snaffelkapkes

logo.ensafh

Ha jimme wolris in spjocht sjoen mei in mûlkapke? Foar my wie dat yn alle gefallen in wûnderlike iepenbiering. Justerjûn, op de Kiekenberch, hjir yn Aldhoarne, siet der ien mei syn snaffel fêst boppe de tredde tûke fan in heal ferrotte beam. Earst hie ik it net sa goed yn ’e rekken. Sjochst in fûgel yn in beam sitten, of eins hingjen, en tinkst, och wat is sa’n fûgel dochs moai. Efternei, oan ’e hân fan myn ferrinnewearre fûgelgidske út de fyftiger jierren, ûntduts ik dat it sûnder mis in eksterspjocht west hawwe moat.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Gratis: 10.000 euro

logo.ensafh

Je kinne oan alles merke dat der ferkiezings oankomme. Net allinnich yn Amearika, mar ek yn ús eigen lân. It is de tiid fan prachtige, politike fiergesichten mei al as net bykleurjende proefballonnen. Partijen sykje wegen om de kiezer foar harren te winnen. Opfallend oant no ta is dat foaral de jeugd as doelgroep besocht wurdt om mei te flirten.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder