Kollum Martsje de Jong: Myn hertetaal: it Frysk

logo.ensafh

Wy litte ús taal fertoarkje. Dat witte wy al lang, want dêr wurkje wy allegear oan mei. Ik ek, want ik ferbrek my ek gau ris. As in oar Nederlânsk praat, skeakelje ik sûnder erch oer.

Soks mei noch hinnebruie, salang’t ik thús de bern de eigen taal mar bybring. Mei’t ik sels as skriuwer en oersetter deistich mei de skriuwtaal dwaande bin, is ús hiele kommunikaasje thús Frysktalich, ek as it giet om appkes, of, hoe âlderwetsk, in briefke op tafel. Foar in soad bern jildt soks net, dy binne oanwiisd op it ûnderwiis as se de taal skriuwen en lêzen leare moatte.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Vesite had van Hilda Knol

logo.ensafh

Vandemiddag he’k vesite had van Hilda Knol van de huus-an-huus kraante Weststellingwerf Express veur een interview angaonde de Rink van der Veldepries die me veur mien laeste roman Vroeger is veurgoed veurbi’j toekend is. Hilda vertelde me dat ze van oorsprong van Haddenbarg komt, dat ik praotte Stellingwarfs en zi’j Haddenbargs.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Aant Mulder: Op wrâldreis of net

logo.ensafh

Op ynternet fyn ik in side, mei de namme: ‘Op wereldreis door Nederland’. As ik wat op dy side omsneup kom ik by nammen as ‘Spaanse allure in Nieuw Vennep’, ‘De canyon van Twente’, ‘Dividivi’s in de duinen’. It magazine ‘Wereldreis Friesland style’ (Friesland.nl/wereldreis) dat we okkerwyks allegearre troch de bus krigen, docht itselde foar Fryslân. Dat wol de minsken yn Fryslân op wrâldreis stjoere, krekt as kinne we dêr net sûnder. Dêrom ferliket dat magazine ús toeristyske attraksjes mei de moaiste attraksjes rûnom yn de wrâld. Ik wit net goed wat ik dêrfan tinke moat. Yn dat magazine wurde dy grutte toeristyske attraksjes fan rûnom yn de wrâld ferbûn mei ús saneamde ‘selling points’.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Stilberte: it nea ferlerne bern

logo.ensafh

Ast jong bist, stiest der net by stil. De frou of de freondinne is yn ferwachting en jo, as partner, soargje foar de bêst mooglike omstannichheden dêr’t de poppe him of har yn oantsjinje kin. De tinzen en de takomst draaie om libben, net om dea. Dochs is dat nij libben net in fanselssprekkendheid. Dat besef krige ik mei de befalling fan ús earste. Der wiene komplikaasjes dy’t dat nij libben slim kritysk makken. Gelokkich betearde it allegear goed, mar dêrnei wie it dien mei de wissichheid dat alles altyd goed ferrinne sil.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder