Blog Wokke de Ruiter: Min moat dochs sjonge kinne?

logo.ensafh

We meie no ek net mear sjonge.” seit se mei in tryst gesicht. “Wat bedoele jo?” freegje ik. Ik moat er noch efkes ynkomme, de moarn is noch ier.

We sitte yn de grutte seal kofje te drinken, op paste wize in eintsje fan elkoar ôf. En omdat it grutste part hurdhearrich is falt de kommunikaasje op grutte ôfstân net mei. “Wat sizze jo?” is dan ek net fan de loft.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

WH Auden: ‘my only duty as a poet is to defend the use of language’ – archive, 1970

logo.ensafh

4 September 1970: Auden discusses his new commonplace book, A Certain World, and the relation between politics and art

WH Auden believes A Certain World is the nearest to an autobiography that he will ever write. It has just been published in New York and is due out here in spring. “Biographies of writers are always superfluous and usually in bad taste.

Lês fierder by The GuardianLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: De minsklike maat

logo.ensafh

Hoi, ik ha dizze wike sjoen hoe hypokryt de wrâld is. Eins wist ik dat wol, mar dizze wike wie wer in echte wake up call dy’t myn gefoel dêroer befêstige. It giet fansels foar in part oer de minister mei deselde foarnamme as dy’t ik ha. Dêrmei hâlde de uterlike oerienkomsten wol sa’n bytsje op. Ik ha, tige nei de smaak fan myn frou, in grut bosk krollen op ‘e kop en de minister syn plasse is sa keal as in biljertbal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: Poëzij skriuwe is it ferrekke om te fersûpen yn de rotsoai

logo.ensafh

It wurd ‘poëzij’ komt fan it Grykske ‘poiesis’ (meitsje, skeppe, foarmje). Dyjinge dy’t poëtyske produkten (gedichten) makket (skriuwt), neame wy in dichter (poëet). Is it maklik om gedichten te meitsjen? Ast de Fryske poëzij – of dat wat sa neamd wurdt – fan ’e lêste jierren ris neirinst, soest hast sizze fan al.

Want oeral komt men se tsjin – ‘gedichten’. Wurden ferve op túnsketten, wurden tekene op in strân, wurden útbeitele op grêfstiennen, op strjitstiennen, plattrape yn weetfjilden, printe op spandoeken, en foaral: wurden delkwakt op byldskermen. Allegear ‘poëzij’. Wy hawwe in grut ferlet fan poëzij, sa liket it. Iepening fan it kulturele seizoen?… Lês fierder