Kollum Aant Mulder: Rûnom om ús hinne

logo.ensafh

Der is oer de útnûging foar de Fedde Schurerbetinking ‘Rûnom Fedde’ op sneon 15 augustus op ’t Hearrenfean aardich wat skreaun en wreaun. En no doch ik dêr ek noch oan mei. Benammen ien wurdsje moast it ûntjilde: rûnom. Guon tochten dat dat ferkeard wie; oaren seine dat it krekt sa bedoeld wie. It moat beide kinne, safolle is my wol dúdlik wurden út de reaksjes oangeande dat wurd. Ik leau Aant Jelle Soepboer fansels daliks as er Chris van Hes sizze lit: ‘Op it ynternet hie in selekt ploechje minsken al wer kommentaar op it wurd ‘rûnom’, dêr’t men fan betinken oer wie dat wy bedoelden ‘om Fedde hinne’.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De bistekwellers fan Bûtenpost

logo.ensafh

Earlik sein wist ik fan it bestean net, mar yn Nederlân ha wy in Landelijk Expertisecentrum Dierenmishandeling. Sawol partikulieren as bistedokters kinne dêr saken melde dy’t se net fertrouwe. Sadree’t der in melding komt, siket de koördinator fan it LED in groep eksperts byinoar. De gearstalling fan sa’n groep hinget fan de aard fan it letsel ôf, mar de groep telt yn alle gefallen in radiolooch, in patolooch, in kriminolooch, heechleararen en meiwurkers fan it Nederlands Forensisch Instituut.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Fyntaligens

logo.ensafh

Trije glêzewaskers binne drok oan it rúthimmeljen op de boppeste etaazjes fan sa´n ûnbidigen minskepakhús yn Rotterdaam.

Hommels brekt ien fan ´e keatlings dêr´t it bakje oan hinget dêr´t se yn steane te arbeidzjen. Twa witte har noch krekt fêst te klamjen, mar de tredde man falt te pletter.

Nei´t de boel berêden is — in dokter hat fêststeld dat harren kammeraat yn die mortibus is en it lyk wurdt yn in sikewein ôffierd — bliuwe de oare twa ferslein benefter.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Keapje in boek!

logo.ensafh

Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. It is it safolste dat dit jier net trochgiet. Gjin silen, gjin folle tribunes by konkoersen, gjin iepenloftspullen, gjin normaal doarpslibben. Want by it normale doarpslibben heart ek de repetysje fan it koar, it doarpsfeest mei in feesttinte, gewoan nei de preek kinne, de kaartklup en wit ik wat net mear. We moatte der net al te dramatysk oer dwaan, mar der bart wol in hiele soad yn de ynfrastruktuer fan wat wy oant ein 2019 gewoan fûnen. En dat sil ek noch wol even trochgean.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Hanneke de Jong: Simmers

logo.ensafh

De lêste simmers wiene net as eartiids. Gjin fakânsje nei Frankryk of Sweden, wol nei Gaasterlân dêr’t it noflik is, mar foar my gjin fakânsjeplak. Yn Gaasterlân skriuw ik meastentiids en ik wit dat dat lúks is. Fakânsje is foar my echt fuort. De ôfrûne jierren kaam ik net fierder as it MCL, dat ik foar dit jier mar myn simmerhotel doopt ha. Men soe der sin oan krije.

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder