Besprek ‘Fjoertoer yn it wâld’ fan Arjan Hut

logo.ensafh

‘Fjoertoer yn it wâld’ is in dichtbondel besteande út fiif haadstikken. ‘Fyn ik dy’ is in ynliedend gedicht oer Hut syn relaasje mei de poëzy. Oer hoe’t hy poëzy belibbet – der tiid foar makket – derfan genietet en hoe’t de poëzy en hy inoar fine.

It haadstik ‘Hoe’t geheimen reizgje’ giet oer tinzen en dreamen en hoe’t je dat meinimme kinne nei in oare tinkbyldige wrâld.

Lês fierder by Berber Braaksma op Heit & Mem… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Van Beijma syn biedwurd ‘Het is meij ziszen næt to dwaên’

logo.ensafh

Yn 1999 skonk de klassikus, dichter en essayist Jan Pieter Guépin (1929–2006) út namme fan syn famylje trije alba amicorum oan de Bijzondere Collecties – tsjintwurdich it Allard Pierson – fan de Universiteit van Amsterdam. It âldste fan de trije freoneboekjes befettet ynskripsjes út de jierren 1774–1776 fan maten en kunde fan Pieter Jacob Guépin út dy syn Leidske studintetiid.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Kollum Aant Mulder: In wûndermoaie dea of net

logo.ensafh

De nijste DE NIJE soarget suver foar opskuor. Dat wie net de bedoeling, mar it hinderet ek neat. No ja opskuor, ik moat net oerdriuwe. It giet mar om in pear reaksjes. De oanlieding ta dat opskuor is it artikel ’75 jier toaniel‘, in fraachpetear dat Folkje Koster mei Bauke Oldenhof hie. Op de digitale krante It Nijs waard dêr omtinken oan jûn. Dat waard dien mei in foto fan Oldenhof en in kwote út dat artikel. ‘It Frysk stjert in wûndermoaie dea.‘ It artikel is de muoite fan it lêzen wurdich, dat ik soe sizze keapje DE NIJE of lês it sitaat op It Nijs.… Lês fierder

Blog Huub Mous: Herinneringen aan Michaël Zeeman

logo.ensafh

Het bericht van de dood van Michaël Zeeman kwam in juli 2009 niet geheel onverwacht. In de weken daarvoor deden berichten de ronde dat bij hem een hersentumor geconstateerd was. Zeeman hoorde bij Leeuwarden, zeker in de jaren tachtig. Hij was toen nog slechts een twintiger, maar toch had hij alle hoge heren van deze stad in zijn broekzak zitten. Weldra zou hij diezelfde elite in twee kampen verdelen. Wie niet voor hem was, was tegen hem. ‘De wijsgeer uit Leeuwarden’ zo werd hij genoemd, toen hij eind 1986 voor het eerst de landelijke pers haalde.

Lês fierder by Huub MousLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: It boadskip fan de beam

logo.ensafh

In doarp nimt ôfskied fan in beam. Yn de stoartfloed fan deprimearjend nijs en de tinne stront fan sosjale media wie dêr ynienen in opmoedigjend berjocht. In doarp nimt ôfskied fan in beam. It gie om in âlde kastanje yn it hert fan Aldegea (Sm). De beam wie siik, de tûken brekber, it blêdte wurch. Omskreaun as in ‘markante reus’ wachte him inkeld noch de seage, om’t er stadichoan in gefaar foar de omjouwing foarme.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Henk van der Veer: Argyf Frys literêr sirkwy

logo.ensafh

Ut argyf fan ut Frys literêr sirkwy dat ik in de loop fan de pak um beet 30 jaar opboud hew, is frij omfangryk. It moaiste fyn ik de brieven, haanskreven úteraard. Der sitte pronkjes bij, fan in hele soad auteurs(m/f) dy’t un groate ròl speulden in dat sirkwy.

Nou hew ik na myn omleidings, aansens seuven jaar leden, altyd skreven dat ik 114 jaar wurde sal, mar dat is nòchal un útspraak. Met andere woarden ik mut su langsamerhaan de boël mar us goëd inventariseare en wat mut der met de literêr bròt gebeure? Dy honderden Friese boeken (=boeken in ut Frys) kans tan de straatstienen nyt mear kwyt.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Dat stekt

logo.ensafh

Jo kinne fansels net oer elke klap en skeet in stikje skriuwe mar oft der oanienwei troch berjochten ferskine dan komt der in tiid dat jo net mear swije kinne.

Us grutte enerzjyboeren dimme de har talevere streamen oft har netsje it net mear oan kin. Dêr kinne jo as grutske eigner fan dy bakplaten op it dak mar wakker wiis mei wêze. De provinsje sil oars as tasein om’t dat foar alles en elkenien fierwei it bêste like net oerskeakelje op elektrike karkes. Dat is kiezersbedroch.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder