Blog Jaap Slager: Sa nij as fleanen

logo.ensafh

Wat nij is, dêr sjucht men nij by op.
Soks begjint fuort al yn ´e widze. En dêr begjint it kedizen ek — wat is wichtich en wat is ûnnut? Men hat rillegau foar it fernul dat al dy snorrepiperijen dy´t se jin yn ´e hannen triuwe of foar de eagen opspanne, in kwelling binne foar de geast. Mar hoenear´t jin in pear goed meltse boarsten foar de haffels komme, kriget men dy mei beide hannen beet. Wier of wier? Men hat fuortendaalks foar ´t snotsje: dêr giet it om yn it libben!

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Net te tichtby komme, hear!

logo.ensafh

“Net te ticht by my komme, hear!” hear ik deis hûnderd kear om my hinne sizzen.

Hja binne as de dea foar it firus. Logysk fansels, se hawwe fyf moane opslùten sitten. Mar sa as it mei alle ferhalen giet, se wurde hoe langer hoe grutter.

Soms, as it my oer de hege skuon giet, gryp ik yn en besykje de oare kant fan it ferhaal te fertellen.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Foarútsjen

logo.ensafh

Ik haw foar it earst sels súksesfol sjem makke. De earste kear dat ik dat besocht, wie ik 8 jier. We hienen in hiele dei yn de lannen om toarnbeien socht by in pleats dêr’t ús heit oan it ferbouwen wie. Dy grutte amer fol toarnbeien ha ik thús yn ien kear platdrukt, om’t ik sjem meitsje soe en tocht dat sjem neat mear wie as fersmodze fruit.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder