Blog Jaap Slager: Stjerre is stikke 2

logo.ensafh

Foarspûk
Earjuster hie ik myn deistige Vuelta de España efter de knopen, twa speaken ferfongen dy´t ûnderweis brutsen wiene, in pear muorren fan ús hûs yn kalk en semint set (plamuere en strutsen) en de tún sproeid, doe´t de sinne alwer sa heech stie dat it te waarm waard.
It wie goed tsien oere — hûndert meter nei it easten, yn Spanje, goed alve oere — dat it waard ek tiid foar in bakje en in brochje.
Sadree´t dat beslikke wie, gong Maria fuort wer yn ´e skrep, mar dizze jonge moast ynienen efkes lizze. Ik wit net hoe´t ik it hie, mar ik wie op slach en stuit deawurch; it hert sloech my achtentachtich en de siken besetten my.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Ungetiderswaar

logo.ensafh

t kostet my wat muoite om efter de kompjûter te krûpen, mar as ik in kollum skriuwe wol, moat it no al wêze. It is eins te waarm, fierstente waarm. Sok waar binne we net wend en al hielendal net yn augustus. In wike lang stiet de termometer al op 30 graden of heger. Dat is in rekôr. It binne tropyske dagen, in tropyske wike. Wy moatte werom oan 1975 en 1976 ta foar ferlykbere temperatueren. In wike mei sok waar hat fan gefolgen dat de nachten ek hieltyd waarmer wurde. Wy sitte sa stadichoan om de 20 graden hinne. Hawar de ein is yn sicht.… Lês fierder

Uighur Poets on Repression and Exile

logo.ensafh

The shocking dimensions of China’s repression in the Xinjiang Uighur Autonomous Region are now beyond dispute. In early 2017, after spending years perfecting a high-tech surveillance regime in its only Muslim-majority region, the Chinese state began a program of mass internment that has seen the disappearance without trial of at least a million Uighurs, Kazakhs, and other Muslim citizens into a vast network of internment camps and prisons. Many camp inmates have been compelled to work in factories, and the fruits of their forced labor have increasingly shown up in the supply chains of multinational corporations like Kraft Heinz and Adidas.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Pompeblêdljip

logo.ensafh

It kwik raande nei-oan yn ’e termometer, dat ik hie my middeis bûten yn it skaad noflik deljûn op twa fan ús wite plestik stuoltsjes. Tiid foar in knipperke, tocht ik sa, eefkes proefsliepe foar de grutte lêste nacht dy’t der lang om let sûnder mis oan sit te kommen. Ik trek fan Drees, sels fan ús feilichheidsregio mei ik my dizze dagen soargeleas yn eigen tún hinne jaan. No noch wol.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Drinkwetter, djoerder as goud

logo.ensafh

As der de lêste dagen ien ding helder wurden is, moat dat wol it grutte wetterferbrûk wêze. We sykje mei syn allen ferkuolling yn dit hjitte waar, mar oan de eachein sjogge guon minsken driging dy’t dêrmei te krijen hat. De lêste jierren falt der eins te min reinwetter om it swiete grûnwetter op peil te hâlden. Grutte parten fan it easten fan it lân hawwe dêr problemen mei.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder