Poëzij Wobbe Atsma: De reis

logo.ensafh

 

 

De reis ( fan augustus 2020)

Tegels tille de fuotten oer de earste meters,
diken draaie rjochts en loftsom foar de bus,
spoaren strekke har strak foar de trein út,
de reis beweecht, de reis libbet en is wer los.

It doel is fan bestimming nei bestimming,
oer lân en wetter wer fan stêd nei stêd
troch in lange, lange simmer nei frjemde,
waarme nêsten yn in ferlange winter.

Lês en sjoch fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Kollum Aant Mulder: Murdefamylje

logo.ensafh

Doe’t yn 2012, leau ’k, besletten waard om yn 2024 op te hâlden mei de nertsefokkerijen, hie nimmen noch heard fan koroana. Dat is no oars en dêr kinne de nertsefokkers oer meiprate. Op dit stuit binne 27 fan de 130 bedriuwen besmet mei it koroanfirus, dat maklik fan nerts op minske oergean kin, sa’t bliken dien hat. Fan dy 29 bedriuwen binne alle nertsen deamakke. Wat der fierder barre moat, dêr wurdt oer praat. As alle nertsebedriuwen yn 2024 dochs ticht geane, wêrom dan no net trochpakke, soe men sizze. Hawar earder of letter sil dat der dus fan komme en dan binne der te uzes gjin Amerikaanske nertsen mear.… Lês fierder

Matthijs Verkuijl: Bakkefean en Fryske boeken

logo.ensafh

In ympresje

Ier en betiid fan bêd ôf om by it lemieren mei in wein fol guod nei Bakkefean ta. Foar it earst yn myn libben sels, net om te keapjen, mar foar de ferkeap fan alderhande guod, benammen Fryske boeken, op de rommelmerk dêre.

It hat fansels in foarskiednis, dy’t ik útlizze moat. In oantal wiken dêrfoar wie hjir by ús yn de stêd in man yn ’e âldens fan njoggentich jier stoarn. Syn soan hie in advertinsje op Facebook set, dat twahûndert Fryske boeken fergees ôfhelle wurde koene. Dat ik derhinne en de wein hast fol. No haw iksels al in soad Fryske boeken, dat it die bliken dat ik no in protte dûbeld hie en der wiene ek boeken by yn de stavering fan foar 1980, en dat is my te dreech.… Lês fierder

De ‘Tractatus’ fan Wittgenstein, mar dan oars

logo.ensafh

A work by Tibor Szemző took six months of hard work in the studio to produce, yet it is only 30 minutes and 30 seconds long. Anything else next to this composition inspired by the writings of one of the greatest minds on this planet (“Tractatus Logico-Philosophicus” by Ludwig Wittgenstein) would be counter productive.

Lês en harkje fierder by UbuwebLês fierder