Kollum Hilda Talsma: Nuânses

logo.ensafh

Nei oanlieding fan de kollum fan ferline wike ha ik in moai petear mei in aardige boer hân. Hy brocht hjir en dêr wat nuânses oan yn de iensidige ideeën en berjochtjouwing omtrint de boeren hjoed-de-dei. Bygelyks oer it raaigers dat soarget foar in ientoanich lânskip en minder greidefûgels. Mar is it wol earlik om dêr de boeren de skuld fan te jaan?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: Offredingen

logo.ensafh

Yn dizze tiden fan koroana ha we hieltyd faker te krijen mei ôffredingen. Dat komt troch de ynstelde oardelmetermaatskippij. Op guon plakken wurdt dat oanjûn, troch strepen, sirkels, linten, pealtsjes en planken, kettingen, skermen, folle net genôch. Romten wurde ôffrede en ôfstannen oanjûn. Offreedzje, der ha tiden west dat soks net dien waard. Dan moatte we werom nei de midsiuwen. Doe wie mienskiplik besit (mandelân) hiel gewoan. Dêrnei kaam de tiid dat boeren bisten op eigen grûn hâlde woene en dat wylde bisten keard wurde moasten. Hjoed-de-dei belibje we nije tiden as it om ôffreedzjen giet. It giet net mear om bisten, mar om baktearjes.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Swarte Anna

logo.ensafh

Wy hiene boeken op de stoepe foar it hûs setten. We moasten ferhûzje en net alle boeken koene mei. It wie midden yn de coronatiid, of krekt oan it begjin dêrfan, alles like wol ta te fallen en folle slimmer te wêzen as it like tagelyk. De boekhannel woe no gjin boeken ynkeapje en ek by de Omrin Estafette namen se efkes neat mear oan. Wy koene hast nearne hinne mei de boeken, mar by it âld papier smite, nee, dêrfoar hawwe se tefolle wearde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Karin Slaughter deelt haar belangrijkste schrijflessen

logo.ensafh

‘Een idee hebben is niet het moeilijkste gedeelte. Blijven zitten en uitzoeken hoe het verhaal goed zou werken, waar de emotional beats zitten en hoe het plot samenvalt met de ontwikkeling van de karakters, dat maakt schrijven pas écht lastig,’ aldus thrillerauteur Karin Slaughter in het komende nummer van Schrijven Magazine. Haar twintigste boek Verzwegen is onlangs verschenen.

Lês fierder by Schrijven OnlineLês fierder

Kollum Jan Schokker: Sportfûgel

logo.ensafh

It wie dreech fan ’e moarn, ier en betiid. It wie de earste kear nei safolle wiken yn dit koroanabestean dat ik mysels wer sa nedich yn ’e sportskoalle narje en martelje mocht. Mar wêr die ik it eins foar? Foar in sûner libbenspatroan, in stadiger ritme yn myn deistich bestean? Wie dat it? It sigarerikjen hie ik al ôfsward. Ik hie fierders ek tiid genôch, mar de hiele dei inkeld achter it buro sitte te tekenjen en te skriuwen hie myn spierespul bepaald gjin goed dien. Ik wist, ik moast gewoanwei wer in gâns bettere kondysje krije, enerzjiker wêze en benammen aardich wat mear kracht krije yn ’e earms.… Lês fierder