De boekresinsje fan Pieter: ‘De Raven’ fan Elske Schotanus

logo.ensafh

De raven wie in Facebookroman. In wier feuilleton. Skreaun troch Elske Schotanus. De raven is no ek yn boekfoarm te lêzen. En dat pakt hiel goed út!!

Dat it earst in echt Facebookfeuilleton wie, komt noch sterk nei foaren, ek yn it boek. En at jo it ferhaal lêze, dan begripe jo dat it ferhaal op Facebook echte folgers hie. Nei elk stikje wolle jo witte: hoe giet dit fierder… Sa no en dan komme der wiere cliffhangers yn it ferhaal nei boppen.

Lês fierder by Pieter Zuidema op Heit & Mem… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Gjin skoaldichter

logo.ensafh

In pear wiken ferlyn bin ik frege om De Schooldichter yn Grins te fertsjintwurdigjen. Dat like my yn earste ynstânsje krekt wat foar my. Ik skriuw al in soad foar bern, kom faak op skoallen, al is dat dan yn Fryslân, en fyn it moai om workshops te jaan. It like op myn liif skreaun. Ik soe kwa poëtyske kennis en edukative kwaliteiten wat bydrage kinne oan de formule om’t ik yn it moderne ûnderwiis sit. Tige aardige minsken ek, dy’t graach oare dichters helpe wolle om te libjen fan harren passy. Dat like sa, oant ik it kontrakt seach. Ik moast earlik sein efkes opsykje wat ‘franchise’ ynhold, want ik fûn it mar in aparte bedoeling om moanliks betelje te moatten foar myn wurk.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Huub van Brakel

logo.ensafh

Vannaacht droomde ’k dat Huub van Brakel korona had hadde en dat hi’j de rest van zien leven haost niks meer kunnen zol. En doe wodde ’k wakker en docht: wie is in hemelsnaeme Huub van Brakel? Die ken ik hielemaole niet en ik hebbe ok nooit van die man heurd. Vandaege he’k op internet zocht… Niks. Die man kwam allienig in mien droom veur. Dat is toch gek! Waoromme droom ik over een man daor a’k nog nooit van heurd hebbe? Of was dit een waorschouwende droom?

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Aant Mulder: Simmerskoalle foar Frysk

logo.ensafh

De lêste jierren komme simmerskoallen hieltyd faker yn byld. Fan ’t jier hat de gemeente Súdwest-Fryslân ek sa’n simmerskoalle regele foar de learlingen út de heechste groepen fan de basisskoallen yn dy gemeente. De bern fan de skoallen fan Proloog yn Ljouwert ha dy mooglikheid al langer. Dêr kinne no fan ’t jier net allinne bern út de hegere, mar ek út de legere groepen fan basisskoallen terjochte. Wat dy skoallen dogge, dogge skoallen foar fuortset ûnderwiis ek. It giet my lykwols earst en meast om de basisskoallen. Op dy simmerskoallen wurdt in protte omtinken jûn oan rekkenjen en taal, om de efterstannen op dat mêd yn te heljen.… Lês fierder

Blog Ypie Bakker: De byb, safolle mear as allinnich boeken

logo.ensafh

Byb-praat

Hy hellet in blêd út it rek mei tydskriften, parkearret syn tas op de stoel njonken him en stekt syn fuotten langút ûnder de lêstafel.

Sy komt al beljend oanrinnen. ‘Wat, nee, dat mienst net, do soest dochs…!’ Mei in klap set se har cowboysbag op ’e tafel, pakt der in boek út, leit de telefoan der neist en ploft suchtsjend del.

Der ûntstiet in wûnderlike konversaasje tusken dizze twa minsken, sa te hearren sitte se net hielendal op deselde golflingte, mar dat is no krekt it fermaaklike. Hy begjint it petear:

‘Wat lêze jo?’

Lês fierder by Ypie BakkerLês fierder

Five tips for clear writing

logo.ensafh

Blaise Pascal, the seventeenth century mathematician and philosopher, once apologised for the length of a letter, saying that he had not had time to write a shorter one.

All of us face situations where we need to compress much information into little space. Perhaps we have to fill in an online form with a character limit or write a cover letter for a job application which sells our key skills and life experience in just a page or two. Or perhaps we are writing a mass email to colleagues which we want to stand a chance of actually being read. Yet many people fall prey to verbosity.… Lês fierder