Kollum Willem Schoorstra: Fryske frijheid yn Nederlân

logo.ensafh

Ien by it burd beetkrije kostet 10 skellingen. Ien by de skamdielen beetkrije kostet 21 en in tredde skelling. As ien troch dyn skuld in bonke brekt dêr’t de bonkesplinters net by loskomme: 10 skellingen. By it wol nei bûten stekken fan bygelyks trije splinters: elts 5 skelling de splinter. Dat binne in pear fan de jildstraffen út it Algemiene Easterlauwersk boeteregister.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: Kurrikulum.frl ‘reekgerdyn foar etnisearring fan it Frysk ûnderwiis’

logo.ensafh

Earne yn ’e wrâld leit in provinsje, dy hjit ‘Fryslân, en yn dy provinsje prate de measte minsken Frysk en dêrneist ek Nederlânsk. Earne yn dy provinsje leit it doarp Drachten en earne yn Drachten stiet it gebou fan ‘meertaligheidscentrum’ Cedin, en earne yn dat gebou wurdt op ’t heden wurke oan in moaie en lukrative opdracht fan dy provinsje: fernij it ‘learplan’ foar ûnderwiis yn de Fryske taal.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Oersetting E.E. Cummings, ‘earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby’

logo.ensafh

 

 

earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby
elk wjerfarren,hawwe dyn eagen harren stilte:
dyn fragylst gebeart sitte dingen yn dy’t my omslute
of sa tichteby binne dat ik se net oanreitsje kin

dyn minymste blik ûntslút my mei gemak
al haw ik mysels as fingers sletten,do iepenest
my hieltyd blomblêd foar blomblêd as Maitiid
(mei handich,heimich oanreitsjen)har earste roas

Lês fierder by oersetter Klaas van der HoekLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Foarútsjen

logo.ensafh

Doe’t wy in pear jier lyn op fakânsje wiene yn Suriname, wie dat oan ‘e iene kant in prachtige ûnderfining mar oan ‘e oare kant ek hiel konfrontearjend. It ferline is op in hiele soad plakken noch sa goed te fielen en dêr ha ik my gauris foar skamme. Nei myn witten ha ik gjin plantaazje-eigeners yn ‘e famylje hân, mar it feit dat ‘wy’ dêr sa hûsholden ha, is gewoan djip tryst.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Hekserij

logo.ensafh

Ik ha yn it ramt fan myn nije hobby in hiel dik boek oanskaft. Je fine wat út as je minder sosjale ferplichtingen hawwe. Wy kuierje in hiel soad yn de wyk, en ik sjoch troch al dy rêst yn de holle ek mear om my hinne as normaal. Dat brocht my op it idee om oer de planten yn ús omjouwing te learen. Sa kaam ik derachter dat oan it paadsje oan ús hûs in soad look-zonder-look stie. Net superlekker, mar wol ytber. Ut myn boek learde ik dat spienkrûd, wat der ek stiet, genêskrêftige wurking hat, en dat fingerhoedskrûd op de list fan ferbeane planten stiet.… Lês fierder

“Spreekt ze dan drie talen vloeiend?”

logo.ensafh

Twee jaar geleden, we hadden een dreumes van anderhalf, schreef ik voor de eerste keer over meertalig opvoeden. Of meer specifiek: over hoe wij weliswaar in vier talen communiceren maar hoe dat voor een kind van 1 nog niet zo relevant is maar hoe het ervoor zorgt dat het Engels dat we thuis spreken steeds meer verwatert tot een westeuropese potpourri van Nederlandse, Duitse en Deense woorden.

Lês fierder by Caroline Boessenkool op Neerlandistiek… Lês fierder