Blog Abe de Vries: Alternativen foar podcasters dy’t gjin Afûkfrysk prate wolle

logo.ensafh

Anne-Goaitske Breteler (24) út Ternaard en Sytze de Haan (30) út Holwert sille podcasts meitsje en wolle neffens de Leeuwarder Courant fan hjoed net tefolle Afûkfrysk prate – wat dat dan ek mar wêze mei. Se wolle, mei oare wurden, it Frysk brûke sa’t se it om har hinne hearre – wat fansels net al te bêst Frysk is en al gau útskaait nei in nuver mingtaaltsje.

Net te fier fuort wolle fan de strjitte is bêst, mar te fier weibliuwe fan de taal wer minder. En in bytsje sjeu yn it praat is fansels net ferkeard foar in podcast. Goed, it is Frysk: men moat skipperje.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De antykrist libbet yn Amearika

logo.ensafh

De antykrist dy’t by in katedraal de Bibel op ‘e kop en oarsom beethâldt. Dêr moast ik oan tinke doe’t Donald Trump foarige wike in polityk statement makke by de St. John’s cathedral yn Washington. Net samar in spontane gedachte fan my, mar ien nei oanlieding fan it boek Rise of the Little Horn fan Jonathan Dane, skreaun yn 2016.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: Nochris romans en gedichten

logo.ensafh

De kollums binne op Omrop Spannenburch te beharkjen en kinne lêzen wurde op ItNijs.frl. Kollums skriuwe ferget in protte tiid, mar it is tagelyk in hiele aardichheid. Fan en ta krij ik reaksjes. Doe’t ik okkerwyks oer gedichten en romans skreau, smiet dat in tal nijsgjirrige reaksjes op.

De kollum oer Fryske romans yn april foarme sa’n oanlieding. Ik skreau doe oer in top 10 foar Fryske boeken en neamde Helia en har wrâld mei Chopin fan Rients Faber as twadde nij útkommen Frysk boek. Tagelyk relativearre ik dy kar om’t ik der net wis fan wie oft it boek fan Faber wol in oarspronklik en net in yn it Frysk oerset boek wie.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: It is der ‘Sis my wa’t ik bin’

logo.ensafh

Loek Rienstra wennet yn in doarp flakby Snits. Pas 11 jier nei de oarloch, hy is dan 13, komt er derachter dat er Joadsk is en dat syn heit en mem him adoptearre ha. Wa ís hy eins? Syn ‘heit en mem’ litte hast neat los. Gelokkich hat mem in deiboekje byholden.

Basearre op it boek ‘Wie ben ik?’ fan Koos Boorsma, oer it libben fan Louis Godschalk dy’t no yn Israël wennet.

Foar bern fan dizze tiid en harren âlden, pakes, beppes, masters, juffers en wa’t it mar lêze wol.

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder

Blog eamel.net: Weerzien | Wer byinoar

logo.ensafh

Seach ik myn ‘ûs mem’ -fysyk- eartiids noch ris ‘regelmjittich’ yn de twa moannen, sûnt de korona syn yntree dien hat is it werklik gûle mei de kraan iepen.

Ja, fansels kinne wij belje, ek mei fideo, mar da’s dochs net itselde. Wêr ûs memmeminske steefést de kamera op har kin rjochte hie, frege sy har trochgeans ôf of ik net mei oare dingen dwaande wie: ‘Sil ik oars letter belje? Do bist sa drok!’ (‘Né mem, dat hjit multitasking’).

Koartsein; neat gjin sukses.

Lês fierder by eamel.netLês fierder

Besprek ‘Silke en Miss Dee’ fan Baukje Wytsma

logo.ensafh

Silke en Miss Dee fan Baukje Wytsma giet oer in freonskip tusken in âldere Ingelske frou, Miss Dee en Silke, in famke fan ’e pleats yn it doarp.

Miss Dee is in Ingelske frou dy’t ferhuze is nei it Fryske plattelân. Se wurdt âlder en is in bytsje iensum sa allinnich op it plattelân. Nettsjinsteande it selskip fan har poes Fluffy en har hûn Charlie. Se tinkt der oer werom te gean nei Ingelân, dêr’t har suster ek noch wennet. De minsken yn it doarp fine Miss Dee in bytsje nuver.

Lês fierder by Simone Veenstra op Heit & MemLês fierder