Kollum Aant Mulder: Bliuw thús

logo.ensafh

Sûnt Peaske wit ik hoe’t dat yn oare talen klinkt. ‘Bleib zu Hause. Restez a la maison. Blijf thuis.’ Hoe’t dat sa komt? Dat kaam troch de koroanataspraak dy’t ús minister-presidint Mark Rutte, ik leau op 2 april hold. Dat wie rom foar de peaskedagen op 12 en 13 april. Wy binne dy taspraak hast al wer fergetten. Der bart ommers safolle. De iene parsekonferinsje fan de minister-presidint jaget suver de oare. Hoewol, as it my net mist, hat er faker sein: ‘Bleib zu Hause. Restez al la maison. Blijf thuis.’

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Poesmoes en nokkerbonkje

logo.ensafh

Ynienen gie it petear yn ús oardelmeterrûntsje oer in lykdoarn. Sa’n ylknobbel ûnder de foet of op in tean. Behalve Sjoerd en Antsje wie Ruben ek ien fan de peteargenoaten. Ruben is Nederlânsktalich. Hy fertelde dat er as bern tocht dat ‘likdoorn’ wat wie dêr’t oan ‘likt’ wurde moast. Sjoerd wist ús te fertellen dat it fan ‘lijkdoorn’ kaam, letterlik wat dat sear docht oan it lichem. Want de oarspronklike betsjutting fan lyk is ‘fleis’ of ‘lichem’. Sa komt bygelyks ‘litteken’ fan lijkteken: in groede op it lichem.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: It nije himelfarren: looking for a star

logo.ensafh

Der is ús bybrocht dat jo ûnder iten de fuotten ûnder de tafel hâlde. Faaks is soks op oare plakken oars; wy ite bygelyks ek út in panne wylst se it yn de wâlden altyd oer in board hawwe. Mar as it my net mist is dat mei dy fuotten in frij algemien gebrûk.

As jo dat skonke-ark ûnder de tafel hawwe dan kinne jo mei it haffelgat sawat leadrjocht boppe de panne komme dat dan grieme jo net al tefolle. Ik tink dat dat de reden fan dat fenomeen is. Rûchwei nimme jo dan sawat 20 sintimeter fan de tafelsrâne yn.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Behâld fan ús mem

logo.ensafh

Ien bern is genôch. Ik tink ek net dat myn feardichheidsnivo heech genôch is om twa tagelyk deeglik grut te bringen. Los dêrfan fyn ik ien gewoan ideaal. Dan ha je noch in earm frij om wat foar jesels te dwaan. Wy ha in sûn bern mei humor, dy’t safolle leuker is as dat wy ferwachte hienen. Hast der gjin bern oan, soe ik hast sizze, al bin ik in reedlik hands on mem.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder