Blog Anske Smit: Taalbeleid in de gemeente Súdwest Fryslân – Zuidwest Friesland

logo.ensafh

Hylpers als taal is een verdedigbaar uitgangspunt.

Het Hindeloopers dient niet zomaar te worden bestempelt als (ondergeschikt) dialect. Het valt op dat er niet genoeg aandacht besteed wordt aan het verdedigbare uitgangspunt, dat het Hindeloopers een aparte taal is. De taal leeft enorm onder de Hindelooper bevolking. Het ontbreekt binnen het voorgestelde beleid aan bewustwording en proactieve actie om hier nog meer gehoor aan te geven.

Lês fierder by Anske SmitLês fierder

Rôze literatuer: Titia Brongersma

logo.ensafh

De lanlike ‘Roze Zaterdag’ soe 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde, mar skoot no in jier op fanwegen it coronafirus. Ta gelegenheid fan dy Rôze Sneon wurdt wurke oan in rôze blomlêzing út ’e literatuer fan Fryslân.
De publikaasje Do draachst de leafde oan befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet der yn de blomlêzing net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op. De kommende wiken publisearje we wat priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: It is better dat de wein giet as dat er stiet

logo.ensafh

De siswize ‘It is better dat de wein giet as dat er stiet’ moast ik oan tinke, doe’t ik lies dat de diskusje oer it learplan Frysk wer fuortset wurdt. Dy siswize en oft it net better is dat de wein dochs mar stilstean bliuwt, hâldt my dwaande. Hoe sit it ek al wer mei dy diskusje. Foar hiel Nederlân waard foar alle skoalfakken/leargebieten bepraat en ôfpraat hoe’t dy fakken nei de takomst ta better jûn wurde kinne. Dat wurdt Kurrikulum.nl neamd. As de tiden feroarje, moat it ûnderwiis ek feroarje. Dat is alteast de gedachte. De skoalfakken binne ûnderbrocht yn njoggen leargebieten.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Kofjedrinke mei ET

logo.ensafh

Foarige wike joech it Amerikaanske ministearje fan Definsje trije fideo’s fan net-identifisearre fleanende objekten frij. Op de lykas altyd yn sokke gefallen suterige bylden is in foarwerp te sjen dat fluch beweecht en om de as draait. In wurdfierder fan de marine hie it oer net-identifisearre ferskynsels yn de loft, omdat de útdrukking UFO neffens him foar betizing soarget. Dêr koe er wolris gelyk oan ha. Want de term UFO is troch de ynfloed fan boeken en films synonym wurden mei besite út de romte.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Wobbe Atsma: Mienskip

logo.ensafh

It is nuver, mar elkenien seit hoi, moi of goeie ast hjoed de dei even in slach troch de buorren dochst, dat wie neffens my foarhinne selden sa. Benammen poerfrjemd docht it stelselmjittich, net oars as wie it regele by de wet. Dochs is alles fierders noch by it âlde. De maitiid lûkt wer yn de moaiste simmerklean oer it lân. Blommen baaie hast alle dagen yn it blau fan de skjinne loft en it fûgeltsjeguod spaant yn kommisje mei kabaal troch de hagen en beammen.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder