Kollum Ferdinand de Jong: Emoasjes oer de neilittenskip

logo.ensafh

Adam Henson is boer. Mar net samar in boer. Hy is de soan fan Joe Henson, dy’t yn it jier 1971 besleat om wat nijs te dwaan. Hy iepene syn buorkerij foar besikers. Dat die hy omdat er net in trochsneed boer wie, mar in hiele kolleksje oan bedrige bisterassen op syn pleats in plak joech. Syn kollega’s ferklearren him foar gek, sa seit syn soan yn in filmke op de side fan Cotswold Farm Park.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Tiger King

logo.ensafh

As de maatskippij ein 2020 fallyt is en de asyls fol sitte mei ôftanke hûnen, dan is der miskien wer ris wat sinnichs oer dizze perioade te sizzen. Wie it al in komplot fan Bill Gates en konsorten om ús folslein yn ‘e macht te krijen? Ha de Sinezen it firus yn ‘e wrâld brocht om úteinlik alle fallite bedriuwen op te keapjen? Of komt it dochs fan wylde bisten omdat de minske it ekosysteem fersteurt, bisten ferjeit út har natuerlike omjouwing en dat ynpikt foar eigen gewin?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Mail oan Minke II

logo.ensafh

Ha Minke,

Dus do hast myn oersetting fan ‘The Good Man Has No Shape’ fan Wallace Stevens lêzen wylsto de Matthäus-Passion opstean hiest. Do skriuwst dat dy Matthäus dy peace of mind skinkt. Wêrom dan sa’n prottelmail oan my? Kin ik it helpe datsto Stevens syn fers mar creepy en depry fynst? Ik bin inkeld in fertolker, net de komponist. O, myn oersetting ‘De goede man hat gjin stal’ fynst ek stom. Ik hie ‘shape’ letterlik oersette moatten mei ‘foarm’, skriuwsto. Mar dat is Josse de Haan-tinken, ik woe dy wizer ha. De meast letterlike oersetting docht it orizjineel net altiten it bêste rjocht.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Kultuerdragers? Ja, skyt!

logo.ensafh

Rju achte allegearre,

Pier hat grut gelyk neffens my – it is allegear loaibeuzigens op abstrakte hichte en hat (noch) neat te krijen mei de praktyk. In learplan oan ´e iene kant en de praktyk oan ´e oare sitte jitte witte folle fazen tusken, skriuwt Pier, as ik it teminsten goed foar de fernullen krige haw wat er bedoelt. Wy moatte de loarte by de skjinne ein oanpakke, seit er – wat moatte skoalbern no krekt leare? Wy moatte ris yn ´e hoksen sitten gean en it deistich fermidden fan ´e bern oereidzje, en dat yn betinken nimme…

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Ypie Bakker: Bûthús fervje

logo.ensafh

Oanstutsen troch de klusgekte om ús hinne betinke man en ik dat wy dat nije rollûk no ek mar ris ophingje moatte. It yninoar sette, opmjitte en foarboarje fan de gatten giet as it slydjaget, mar as man my freget om fan binnenút de lamellen mei de koarde omheech te lûken wylst hy bûten de behuzing op it kezyn montearret, giet it mis: ‘Toe mar, goed oanskuorre!’ ropt er my fan bûten ta en ik skuor fansels fierstente fûl.

De rôle mei lamellen ferdwynt yn de keunststoffen kap. Der is gjin beweging mear yn te krijen. De kap sit mei klinknagels yninoar, dat útinoar helje is gjin opsje.… Lês fierder

Tresoar Treast Telefyzje – ôflevering 1: Wa wie Gysbert Japix?

logo.ensafh

‘Skriuwer Gysbert Japix (1603-1666) stiet symboal foar de krêft en rykdom fan de Fryske taal en literatuer. Hy is in grutte ynspiraasjeboarne foar gâns skriuwers en dichters. Mar wa wie hy eins?

Lit it dy fertelle troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar, yn de earste ôflevering fan Tresoar Treast Televyzje.’

Sjoch fierder by TresoarLês fierder