Kollum Aant Mulder: Fryske romans

logo.ensafh

No’t ik de lêste tiid troch de koroana wat mear oan hûs bûn bin, kom ik mear oan lêzen ta. Ik hie earder de gewoante om yn boekwinkels en sa te sjen nei hokker boeken yn in Top 10 stiene. Dat makke de kar makliker. It binne ornaris de boeken dêr’t yn kranten en tydskriften oer skreaun en yn programma’s oer praat wurdt. Der is in ferskaat oan sokke yndielingen. Ik tink oan de Top 10 foar meast ferkochte boeken, foar literatuer en romans, foar misdiedromans. It Frysk falt dêr wat bûten en dat is eins wol spitich. Men is al bliid as der tsien ferskillende Fryske boeken yn ’e winkel steane.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Met Flipje een solowipje

logo.ensafh

‘Don’t mention the war!’ In klassyk wurden útspraak fan Basil Fawlty út de searje Fawlty Towers. John Cleese dy’t syn personiel ynstruearret, wylst er sels syn Dútske gasten oanienwei belediget. Mei as hichtepunt de imitaasje fan Adolf Hitler, wêrby’t Cleese de lange, meagere skonken hast tsjin it plafond slacht. Dêr moast ik oan tinke doe’t ik sitten gie om dizze kollum te skriuwen. ‘Don’t mention the c-word!’

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Oude Folklore in het Oudfries

logo.ensafh

Als je een onderwerp lang genoeg bestudeert, dan kom je het overal tegen. Een wiskundige gaat de wereld waarnemen in getalsmatige verhoudingen en algoritmes. Een bioloog vindt de rijkste ecosystemen onder een steen in het park. En ik, hij die zich vooral met mythologie en volksverhalen bezighoudt, vindt narratieven op de vreemdste plekken: wetscollecties geschreven in het Oudfries. In de komende tijd zal ik dan ook enkele van deze volksverhalen langsgaan in verschillende blogposts. Vandaag begin ik met de Oudfriese folklore rond Karel de Grote.

Lês fierder by Arjan Sterken op NeerlandistiekLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Oare kant grins

logo.ensafh

Eins wie ’k net fan doel om mei te dwaan oan in ferhalewedstriid fan Tresoar oer 75 jier frijheid. Reden: ik fûn it wedstriid-elemint net passen by it ûnderwerp, boppedat hie ’k gjin idee wêr’t sa’n ferhaal oer gean moast. It aparte is dat myn ferstân yn sa’n gefal it meidwaan prima op in sacht sin sette kin, mar dat myn tinken deroer net ophâldt.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: It Fryske wrâldsje

logo.ensafh

Dizze kear wie Piter Boersma fan literêr blêd Ensafh oan bar. Hy skreau dat it min giet mei de oanwaaks fan nije, jonge Fryske skriuwers. Dat wie in jier as tsien lyn net oars. Dan folget yn it saneamde Fryske wrâldsje in aardich fêstlizzend patroan. Abe de Vries skriuwt op syn weblog in prachtich ferhaal oer it stik fan Boersma. Dat ferhaal fan Abe giet, as je it werom lêze, foaral oer Abe de Vries sels en oer Fers2, it literêre bern fan Friduwih Riemersma en, dêr is er wer, Abe de Vries. Hy neamd de ynhâld fan dat oare Fryske tydskrift, De Moanne, ynstitúsjonele ûnsin, de bydragen fan Nyk de Vries kuchjes.… Lês fierder