Blog Jaap Slager: Djip yn ´e stúdzje

logo.ensafh

Nei oanlieding fan Aant Mulder syn kollum “Fan ûnderen nei boppe ta” yn It Nijs it folgjende…

Aldgermaansk
It is fansels al in skoftke lyn, mar as it my goed heucht hiene wy eartiids op ´e universiteit it kolleezje Ferlykjend Aldgermaansk, in fierhinne hypotetyske taal, om´t der in frekt lyts bytsje fan bewarre bleaun is. Dêrfandinne dat “Ferlykjend”, sjuch. De fiktive wurden (dat binne de wurden dêr´t wy fan mienden: sa moat it west hawwe) waarden fan in asterisk foarsjoen, as it my net mist.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Daam de Vries: Oan de app

logo.ensafh

Wy sille oan de app. Hoe en wat is noch net krekt bekend. Rûchwei binne der twa mooglikheden: frijwillich ferplicht of ferplicht frijwillich. Op dit stuit binne de saakkundigen drok dwaande om in polityk korrekte formulearring te betinken dy’t beide streamings byinoar swylje.

Ik begjin efkes by it einpunt, dat is yn dit gefal fierwei it maklikst: oft jo de app aanst net by jo hawwe of by fersin mei de auto oer de telefoan hinne riden binne sadat dat ding folslein rampoai is dan giet de winkeldoar net foar jo iepen. Dêr hawwe jo hielendal frijwillich foar keazen want jo kinne dy app gewoan meinimme en jo kinne josels it autoriden ek goed oanleare litte.… Lês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Subsydzjes Fryske auteurs Letterenfonds (bywurke foar 2019)

logo.ensafh

Hjirûnder in list fan de  bedragen dy’t Fryske auteurs de lêste fiif jier fan it Letterenfonds ûntfongen hawwe.  Dizze sifers binne iepenbier, te finen by de Jierferslaggen fan it Fûns. Dêr haw ik de gegevens fan oernaam, dêrom is de tekst yn it Hollânsk.

It giet sa by it Fûns: jo stjoere jo nijste boek op, mei in wurkplan foar it folgjende boek. De kwaliteit fan sawol it boek as it wurkplan wurde dan beoardiele.

In (relatyf) hege wurkbeurs is gjin garânsje foar in nominaasje foar de GJ-Priis, sa hat wol bliken dien, yn myn gefal.

Ik haw neffens my net ien oerslein, mar it kin de master misse.… Lês fierder

Blog Abe de Vries: Mienskip of minsken

logo.ensafh

Lêstlyn ha ’k it hân oer it moadeferskynsel ‘ferbining’. Like slim yn ’e moade is it ferskynsel ‘mienskip’. Sûnt it bidbook fan LF2018 is it opmarsjearjen fan dat wurd yn kranten, blêden, op tillevyzje en op ynternet net te kearen, ik hoech gjin war te dwaan om dat oan te toanen. Wêr komt it wei en wêrom is it in wurd dat no hast wolris ta kin mei in ûnske minder?

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder