Kollum Aant Mulder: Fan ûnderen nei boppen ta

logo.ensafh

Under’ en ‘boppe’ lykje hiele gewoane wurdsjes. It binne bywurden, mar dat docht der no efkes net ta. It nijsgjirrige fan dizze beide wurdsjes is dat der ek ‘-en’ efter komme kin. Dat wurdt it dus: ‘ûnderen’ en ‘boppen’. Dat sis ik as ik ‘nei ûnderen ta’ en ’nei boppen ta gean’. Ik ha dat ea sa leard. Sûnt mien ik wol aardich wis fan myn saak te wêzen. It is: ‘Ik gean nei boppen ta’ en ‘Ik bin boppe’. En it is fansels ek: ‘Ik gean nei ûnderen ta’ en ‘Ik bin ûnder’. Hoe’t it krekt sit, koe ik troch de jierren hinne wolris wat kwyt rekke wêze.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De rop om it útrûpeljen wer op te nimmen boazet oan

logo.ensafh

Wy hawwe unanym besletten ús gearkomsten fan 9 en 23 april net trochgean te litten. Yn wat in knappe keamer hiene wy mei 5 man oars skoan in meter as 2 faninoar ôf sitte kinnen mar 5 is mear as 3 en regels binne regels. As wy ús dêr al net oan hâlde dan hoecht de jongerein dat bygelyks ek net. Ja, wy wurde âld en wiis. Dat falt my net ôf fan ússels. En, hoewol unanym, de argumintaasje wie net by elk itselde, ik sil jim de details besparje.

Der wurdt dochs al wakker ferskillend tsjin ien en oar oansjoen.… Lês fierder