Kollum Willem Schoorstra: Flau oandraaide bern

logo.ensafh

Dat bern is flau oandraaid, sleau, hingerich, net rjocht lustich. Altyd heal, wie ek sa’n útdrukking dy’t folwoeksenen eartiids brûkten om bern oan te tsjutten dy’t de helte fan ‘e tiid ferkâlden en louwich wiene. Toch wiene dy in útsûndering. Op ‘t heden lykje flau oandraaide bern yn de mearderheid te wêzen. Dêr binne sels spesjale poly’s foar, de saneamde kwakkelpoly’s.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: Bern ha der rjocht op

logo.ensafh

Der waard de lêste jierren wakker demonstrearre, omtinken frege foar Frysk op skoalle. Dat is no fansels efkes net oan ’e oarder. Dat hat te krijen mei it feit dat skoallen sletten binne, dat der gjin gearkomsten mear holden wurde kinne en dat we eins ek net mear de dyk út meie. It is dêrom ek net in ûnderwerp foar in kollum. Sa tocht ik der alteast earst oer, mar likegoed is der nijs oer dat ûnderwerp, nijs dat omtinken fertsjinnet. Ik doel op it feit dat Fernand Varennes, de rapporteur fan de Feriene Naasjes, him begjin dit jier wer útsprutsen hat oer ûnderwiis yn de minderheidstaal.… Lês fierder

Poëzij Henk van der Veer: Utsturven de stad

logo.ensafh

Gister skreef ik ut fòlgende coronafers en públisearde ik dat op de GrootSneek-site. Feul positieve reaksy’s en herkenning fan wat ik skriëf.

Utsturven de stad

fanmiddach kwam ik gyn harses teugen in ut sentrum
fan de útsturven monumentale ouwe stad met syn grachtjes

núver fastbonnen terrasstoëlen probearden om ’e nocht
in un gries anklede paal omhooch te klimmen
richting staalblauwe foarjaarshemel

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Aggie van der Meer: ljurkjes, oankundigers fan ’e nije tiid

logo.ensafh

Schrijfster Aggie van der Meer (92) bericht dagelijks over de coronacrisis vanuit het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Vandaag: ,,Mensen zijn stil.’’

Geschenken uit de hemel met een boodschap voor de aarde: het kan, yes we can, wir schaffen es. In Fûns, Warns, Goaiïngahuzen, Earnewâld, Lauwersmar, Warkumerwaard en tusken Swarte Harne en Holwert ha de wachters yn it fjild it even preaun: ljurkjes, oankundigers fan ’e nije tiid.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Kollum Jan Schokker: Googlefûgel

logo.ensafh

By in bestelling LED-panielen krigen wy lêstendeis in Google Home Mini kado. It like op in aardich moai lûdbokske. Dat wie it ek, mar nei in djipgeande stúdzje bliek it tagelyk ek in soarte fan fernimstige robot te wêzen, teminsten, it koe op gehoar kommando’s útfiere. Ast tsjin him rôpst: ‘Hee Google, spylje muzyk ôf’, dan socht er wat út de playlist fan Spotify en spile it ôf. It wie sels mooglik dat ding in opdracht te jaan om it ljocht oan of út te dwaan en de ferwaarming heger of leger te setten. Ik wie ferbjustere en soks sei hiel wat oer my, want de earste de bêste tûke telefoan koe itselde.… Lês fierder