Blog Daam de Vries: Geiten

logo.ensafh

Goed tweintich jier lyn moat it wêze dat ik de geiten fuort dien ha. Dy kringen brieken hieltyd út. Op himsels wie dat it alderslimste net mar dan moasten de buorlju der efteroan te jachtsjen om’t se it altyd krekt diene as ik net thús wie. Geiten binne mislike bisten om efter in stek te hâlden.

Dêr moast ik al efkes oan tinke no’t se by de âlderein ek mei stekkeboel begjinne. Net om dy âlderein te kearen mar al om har geiten dy’t miene dat alle regels allinnich bedoeld binne om te narjen en se dy goed omsile kinne oft se net oan it tsjoar sitte.… Lês fierder

Poëzij Abe de Vries: Winterreiske

logo.ensafh

 

 

*

De neisimmer is ’t lichtste part fan ’t jier;
de swierste, hytste dagen bin almeast ferfongen,
mei ’t merkefolk de dýk út songen.
It hok yn ferplakket de boer it farske strie.

Dat pript mij. Dat stekt my wer oan,
as freget men in âlde simmer nei syn leafste,
allerbêste, moaiste, leukste, earste
spylfaam – en de simmer swijt, en hat it bedoarn.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Blog Johan Veenstra: Iisbaan yn ’e maaitiid

logo.ensafh

Om et middagure henne kwam Eddy van der Noord van uutgeveri’je Louise uut Grou hier an de deure. Hi’j brocht me een exemplaor van et schitterend uutvoerde boek Iisbaan yn ’e maaitiid. Et boek is klaor! Een boek mit foto’s van Baukje Venema en schilderi’jen van Hendrik Elings. De foto’s bin in zwat/wit, de schilderi’jen in kleur. Zi’j hebben iesbaenen in de meitied op petret zet en schilderd. De iesbaene van Ni’jlaemer staot d’r ok in! Butendat hebben elf dichters gedichten veur et boek schreven.

Lês fierder by Johan Veenstra (28-03-20)… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Túnplannen

logo.ensafh

De hiele winter sit ik al te prakkesearen wat ik mei de tún oan sil. Net myn eigen tún, mar it stikje gemeentegrûn foar ús blok. Hjir yn Lewenborg ha minsken de gewoante om sels de gemeentegrûn yn te rjochtsjen en te ûnderhâlden. Dat is krekt wat foar my. No’t alle plende dichtersaktiviteiten opskood binne nei it post-Coronatiidperk, ha ik echt ris goed tiid foar putsjes yn en om it hûs.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Ypie Bakker: Maitiidskuier

logo.ensafh

Ik kuierje op de slachte mei hûn Puk. Op in b(r)oer nei, dy’t oan it strontriden is, is’ t hearlik rêstich. Der sjitte twa hazzen foar my lâns de wâl yn, se springe mei in grutte bôge de sleat oer, as wie it neat. In skries fljocht op eachhichte foarby, fierderop dûkelt in ljip panikerich wite-wyt roppend oer de greide. Troch skries- en ljippelûden, de rook fan rûge dong, bin ik samar wer werom. Werom op de pleats oan ‘e Slachte. Doe’t de Slachte noch ús Slachte wie.

Lês fierder by Ypie BakkerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Bestelbuskes en boeren

logo.ensafh

As je moarns wekker wurde, sit de krante yn de bus. Hulde foar de makkers en besoargers. Flak foar sân oere is it even drok op de dyk foar ús hûs, de minsken geane nei harren wurk. De benzinepomp hjir in pear 100 meter fierderop is dan ek al iepen. Even letter docht de bakkerij de doarren los sa dat de klanten farske bôle keapje kinne, dy’t de ôfrûne nacht ek wer gewoan bakt is.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder