Kollum Aant Mulder: Dwerse tinkers, wêr binne se bedarre

logo.ensafh

Yn dizze moanne fan de boekewike hear en lês ik fan alles oer de ‘boekenweek’ mei ‘boekenweekgeschenk’ Leon en Juliette fan Annejet van der Zijl. Dat boekje is te krijen foar wa’t foar € 15 oan boeken keapet. Hast itselde jildt foar it ‘boekenweekessay’ Generaal zonder leger van Özcan Akyol, Dat essay giet oer de fraach wêr’t de opstannige en dwerse tinkers ûnder de skriuwers bedarre binne. Dat boekje is foar € 3,75 te krijen. Beide, boekewikegeskink en boekewike-eassay wiene aardich yn it nijs.

Fryslân docht op eigen wize mei oan de boekewike, dy’t duorje sillen hie fan 7 oant en mei 15 maart.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Jankende balskoppers en jubileums

logo.ensafh

De oanskerpe maatregels kletse der behoarlik yn. Mar se binne wol nedich want der is no ienkear in espeltsje idioaten dat net om sizzen jaan wol. Hiel frjemd is dat fansels ek wer net want wêrom soene jo ynienen wat fan in premier oannimme dy’t jo al in jier as tsien by fan alles en noch wat foar it lapke hân hat?

It is allegearre wol wat sneu, benammen de termyn dat it duorje moat is frij lang. En dat krekt yn it jier dat der allerhanne jubileums binne. Dêr ha ik mear begrutsjen mei as mei dy bestjoerders fan in pear lokale balskopklups dy’t wakker janke oer in pear bakjes patat dy’t de kantine no net ferkeapje kin.… Lês fierder

Aggie van der Meer: ,,De leafde moat syn gerak ha.’’

logo.ensafh

Schrijfster Aggie van der Meer (92) bericht dagelijks over de coronacrisis vanuit het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Vandaag: ,,De leafde moat syn gerak ha.’’

,,No noch even wat’’, zegt Sita van de zorg, ,,Jo dogge alle moarns hjir op ’e gong jo oefeningen. Dêr wol ik eins ek mei begjinne. Dy mei de hannen op ’e grûn, dêr kom ik al in moai ein mei.’’

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Blog Wobbe Atsma: nuvere berjochten

logo.ensafh

It wie stil ûnderweis: yn de útstoarne haadstrjitte fan it oanbuorjende doarp, op it lege fytspaad nei de mar, even letter op de parallelwei, ja sels dernjonken op de grutte fjouwerbaansdyk nei de haadstêd. Stil as op in sneintemoarn. Amper fytsers. Hurdrinners: in pear. Auto’s wienen op ien hân te tellen. Stilte dus, mei romte foar it iere lûd dat nei de maitiid siket. Ljippen: inkele. Skriezen: ûnsichtber yn ’e fierte. Guozzen yn lûdroftige keppelflechten by de fleet. It waar hold lykwols de siken yn. De mar wie in see fan stilte.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Aggie van der Meer: ,,Nim foaral dat gerdyntsje mei.’’

logo.ensafh

Schrijfster Aggie van der Meer (92) bericht dagelijks over de coronacrisis vanuit het Bolswarder woonzorg-centrum It Menniste Skil. Vandaag: ,,Nim foaral dat gerdyntsje mei.’’

Annie en Rinske fan de zorg hebben er wel weer zin in. ,,Neffens my hawwe jim hjir noait spul ûnder elkoar.’’ ,,Nee, absolút net. Noch noait meimakke. Ik moat der ek net oan tinke.’’

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Poetry can be the bridge that connects us during these difficult times

logo.ensafh

In the days after the arrival of Covid-19 in the UK, I watched in horror as government policy failed to mobilise the public and enact drastic social distancing measures comparable to those widely used in other countries. I tried to write but found myself unable to express something that might be of use. As a poet, I could not muster the right words. On 13 March, I realised that a prose poem of mine titled “Safe Space II” from my debut collection Flèche was being shared widely on Twitter. It begins:

Lês fierder by The GuardianLês fierder