Besprek ‘Prinses Pompebledsje’ fan Barbara de Ruiter

logo.ensafh

As tank foar harren help krije de kening en keninginne fan fee Foekje in moai peareltsje. Der sit in ferrassing yn, seit fee Foakje. Mar, och heden, in fûgel stelt it peareltsje fan de finsterbank!

Op in dei komt der in famke út in wetterleelje. De hiele dei boartet se mei de eintsjes, dûnset se mei de flinters en sjongt se mei de fûgels. Oan ’e ein fan ’e dei geane har freontsjes nei hûs. Mar it famke hat gjin eigen plakje. Sy hat gjin hûs. Se beslút op syk te gean nei in eigen thús. Mei in boatsje, makke fan in grut pompeblêd, giet se op ’en paad.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Op jins alve-en-tritichst

logo.ensafh

Op jins alve-en-tritichst Fryslân troch. Safier is it noch net, mar it giet de goede kant út. De útdrukking betsjut dat men dêr de tiid foar nimt. It ûnderstelde komôf fan dy útdrukking makket it allegearre fansels helte nijsgjirriger. It soe tsjutte op it stadige oerlizzen fan de Steaten fan Fryslân. Dat wiene de ôffurdigen fan de alve stêden en tritich gritenijen. It hâlden fan gearkomsten hold gauris gâns wat hinne en wer reizgjen yn en dus ferge it in protte tiid om besluten te nimmen. Dy útlis sprekt my wol oan, hoewol’t ik wol wit dat der in oare en faaks krektere ferklearring foar is.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Petteflet

logo.ensafh

Sa is Ernst Bruinsma útwoeksen ta multyman: haadredakteur fan de Moanne, útjouwer, boekbesprekker by de Omrop, baas yn it Lân fan Taal, by Boeken fan Fryslân en no wer City of Literature. Lit my foaropstelle dat ik neat tsjin ha op Ernst as persoan, it giet my hjir om de yn myn eagen nuodlike kombinaasje fan funksjes. De kâns op bline flekken en ûngelokken is nammentlik grut. Ek kin it samar sa wêze dat guon petten elkoar min ferneare..

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder