Blog Abe de Vries: It tresoarke

logo.ensafh

Dichtfoarmen, dy binne der in boel. Tink oan it acrostichon, de epode, it epigram, de haiku, it sonnet, de ballade, de limerick, it ollebolleke, de villanelle, en gean sa mar fierder. In regelmjittige dichtfoarm (frije fersen hawwe ek in foarm, mar dy is net regelmjittich) jout skriuwer en lêzer hâldfêst, wol Wikipedia hawwe. It is foar de dichter in yn prinsipe muzikaal helpmiddel om assosjative kreativiteit sawol los te meitsjen en op gong te bringen, as it risseltaat yn’ e stringen te hâlden en te strukturearjen; foar de lêzer om it gedicht te ‘leauwen’ en makliker te ûnthâlden (memorabiliteit). En foar guon dichters kin it ek in protest wêze tsjin it anything goes fan leek of beweger.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: De boargemasterske of de boargemaste:

logo.ensafh

Ik bin in fêste lêzer fan It Nijs. Dêr steane eins altyd wol dingen op dy’t ik net misse wol. Ik fyn it ek hiel aardich dat dy ornaris yn geef Frysk steld wurde. Sa kin men sjen hoe’t in taal skreaun wurde moat. Wat my oanbelanget heart dat yn alle gefallen de stavering fan 2015 te wêzen en mei de foarkarsfoarms dy’t dêrby hearre. Mar goed, ik wit dat oaren dêr wolris oars oer tinke. It Nijs en de meiwurkers fan It Nijs besykje tagelyk it taaleigen heech te hâlden. Fan en ta kom ik hiel nijsgjirrige dingen tsjin.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Henk van der Veer: Onnoazel praat fan Annejet van der Zijl

logo.ensafh

Annejet van der Zijl het ut loof ik bedurven bij un antal Liwwarders en Friezen. Wat de reden is? Annet retteketet núvere dingen over ut Liwwarders en ut Frys.

Ik hew der nyt bij weest toen Annet de útspraken deen het. Ik hew ut dus fan hoaren en sêgen en dêrfan liege je trouwens ut meast. In un interview met de Volkskrant fertelde de skriëfster dat se un minne lagere skoaltiid in 058 metmaakt had. Dat kan.

De kyndekes út ut Klompehòk foar de hel, dy’t Liwwarders praten waren har groatste pestkòppen weest. Dêrom het se nòch altyd un pesthekel an ut stads, in ut bysònder ut Liwwarders.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: It Deiblêd en de Ljouwerter

logo.ensafh

It is allegearre wer nijs. Alderprachtichst.

It earste ljipaai te uzes is fûn. Dat soe hast noch mislearre fanwege digitale kluchten mar it is krekt goed kommen. It wie al mear as fjirtjin dagen te let neffens it kompjûtermodel. Dat model hiene se noch net yn ferarbeide dat in ljip as it sa út komt earst ek wetterlossing meitsje moat en dat kinne langer of koarter duorje al neigeraden wêr’t de wyn weikomt en hoe straf dy wyn is.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder