Blog Cornelis van der Wal: Snútslach fan Ernst Bruinsma foar de Fryske proazaskriuwers

logo.ensafh

Sitaat yn de LC fan 09-03-20: ‘Volgens Ernst Bruinsma van Boeken fan Fryslân zijn er momenteel te weinig aansprekende Friese prozaschrijvers om ieder jaar een boekenweekgeschenk te maken.’ Dit is fansels in mislediging fan komsa foar de hjoeddeiske Fryske proazaskriuwers. Jo freegje jo ôf wat sa’n Bruinsma eins by Boeken fan Fryslân te sykjen hat.

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Nije Flaamske heechlearaar sil yn Utert omtinken jaan oan it Frysk

logo.ensafh

It mei dan gâns minder wurden wêze mei de stúdzjerjochtings Frysk oan Nederlânske universiteiten en hegeskoallen – in folsleine stúdzje Frysk is der allinnich noch by hegeskoalle NHL Stenden en allinnich de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit fan Amsterdam hawwe noch in offisjele heechlearaar Frysk. Dochs liket it Frysk der fia efterdoarkes wer wat yn te kommen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Jaap Slager: Taalmasogisme

logo.ensafh

De guit nimme
Beide âldelju hâlde yn ´e regel likefolle fan (al) harren bern. Dat hoecht net te betsjutten, dat soks fan dy bern ek sa field wurdt. In bern kin inerlik fiele dat in broer of sus de pree hat. It kin fansels ek wêze dat ien fan ´e âldelju net (rjucht) by steat is syn of har leafde te toanen.
Idealiter seit sa´n bern yn it lêste gefal by himsels “Dan mar net, ju! Ik sil my der net om fergrine, want it libben is al sa koart!”, nimt de guit en folget syn eigen libbenspaad.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum: Ferdinand de Jong: Ok boomer

logo.ensafh

Louis le Roy wie foar my yn myn jeugd in bekende foarbygonger. Dat wol sizze, hy wenne oan de Prins Bernardweg en wy wienen thús boer oan de Marijemuoiwei, beide yn Oranjewâld. Le Roy wie in aparte ferskining, je soene him flamboyant neame kinne. Mar dêr wennen mear fan yn it doarp. In strieljagerpiloat, in pottebakster en in bankdirekteur dy’t mei de hûn troch de bosk skarrele wylst er de krante lies en dus geregeld tsjin in beam oan rûn. It wie in moai plak om op te groeien.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Hanneke de Jong: Nij nijs, nij boek!

logo.ensafh

It lêste dat ik ferline jier skreau, wie dat ik oan in opdracht wurke. Dy is no klear, it boek is nei de foarmjouwer en ik bin o sa benijd hoe’t it wurde sil. In manuskript mei allinnich wurden, myn eigen, is hiel wat oars as it boek dat úteinlik by de drukker weikomt. Benammen as der yllustraasjes, of yn dit gefal foto’s, yn steane. Wat docht de foarmjouwer mei watsto oanlevere hast? Spannend!

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder