Blog Sigrid Kingma: Fonteingedichten

logo.ensafh

Der komt in nije bondel fan my út. Oer in pear wiken tink ik al. Ik wit dat it frjemd klinkt, hielendal nei myn lêste blog, dêr’t ik sa stellich yn sis dat ik foarearst gjin bondel útbringe sil. It oerfoel my sels ek, ik realisearre it my ynienen no’t it hast safier is. Dat freget om in útlis.

De lêste tiid bin ik yn fluchtreinfeart op fersyk oan it dichtsjen. Guon sizze dat je mei in bern nergens mear oan ta komme, mar ik ha no al mear projekten as dat de belestingtsjinst ynskatten hie foar it hiele jier. Earst foar kollega Jolanda Verhoef dy’t lesmateriaal ûntwikkelet foar filosofeare mei bern, yn jannewaris foar LinKk, en dêrnei foar Portretten in Poëzie.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: De linebeammen yn Balk

logo.ensafh

Ferline wike binne 32 beammen – linebeammen – bylâns de Luts fuorthelle. Dat waard dien om’t de wâlkanten fan de Luts op guon plakken yngeand oan ûnderhâld ta binne. Dêrby giet it benammen om de Riedhússtrjitte tusken Teernstrabrêge en Ossebrêge. It is de bedoeling dat de fuorthelle beammen it takomme jier, as it wurk dien is, weromset wurde. Dêrom binne se tydlik krekt bûten Balk op in stik lân oan de Jachthavendyk delset. It is logysk dat de beammen no fuorthelle binne. Dêr is it de tiid foar. Likegoed duorret it noch in skoftke foar’t de wâlkant opnij opmitsele wurdt. Dat hat wer te krijen mei it seizoen, dat de boatsjes troch de Luts farre.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Lubbert en it coronafirus

logo.ensafh

In grut foardiel fan it coronafirus is dat wy no maklik ús klimaatdoelen helje. Gean mar nei: de wrâldhannel komt stadichoan stil te lizzen, de beurzen kelderje, minsken plenne gjin fleanfakânsjes nei fiere lannen mear. De útstjit fan broeikasgas nimt noch flugger ôf as it lichemsgewicht fan Adele. Ieder nadeel hep se foordeel, sa’t de yllústere Johan Cruijf sei.

Lês fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Blog Jaap Slager: Kroandea

logo.ensafh

Kroane
Dat is ek merakelse minsklik, tink, en risselwearje mar rimpen dat wy de kroane fan ´e skepping binne. Kroanfirussen skuorre har de bûsen út by safolle ûnnoazelens: “It binne de mikroben, mofferts! De mikroben binne de grutte jonges fan dizze wrâld, de kroanprinsen!”

Firus(s)kenner
Om´t ik wat in talemantsje bin, pik ik fan en dan ek wolris wat op fan wat der yn dat fermidden bejeuzele wurdt. Men hoecht inkeld de hannen oer de earen te lizzen en men kin mar taharkje. Want se lizze oan ien triem wei te eameljen, sjuch, en hawwe allegeduerigen eat op ´e tromme – boem, boem, boem!… Lês fierder