Blog Daam de Vries: Oflassing gearkomste

logo.ensafh

Wy ha moarn in tige wichtige gearkomste. Ik kin der fierder net tefolle oer sizze hoewol’t de foarsitter fan ien klup der al wat publike meidielings oer dien hat. Hoe dan ek, ik ha it manuskript efkes útprinte. Dat is net maklik mei in knoffelich wifidinkje fan KPN dat ik bin lang om let noch yn doazen mei USB-kabels dûkt. Mar dat allegearre tersijde.

Der wankt gefaar foar dy gearkomste. Omdat der moarn in ekstra útstjoering op NPO is oer wat dêr’t nochal wat fragen oer binne. Dat mooglik moat sa’n gearkomste wol ôflast wurde om’t it fansels folslein ûnferantwurde is minsken de mooglikheid te ûntnimmen sa’n programma te sjen.… Lês fierder

JanMurk yn tydskrift Quatrebras

logo.ensafh

Yn 1956 ferskynde der in bysûnder nûmer fan literêr tydskrift Quatrebras, nammentlik mei acht tekeningen fan JanMurk de Vries. It nûmer krige de titel ‘Nagasaki’ mei en oan de ein wurdt troch de redaksje skreaun dat de tekeningen ynspirearre binne op de oanhâldende proeven mei atoomwapens. De redaksje skreau: “Hja binne net bidoeld as yllustraesje fan it leed dat west hat, mar as warskôging tsjin hwat komme sil as de remmen weifalle. In protest tsjin alle forskrikking, fan Nagasaki oant Boedapest.” De tekeningen binne hjirûnder te besjen.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wat kinne we eins mei it Frysk

logo.ensafh

Wy ha yn ús lân twa rykstalen. It Hollânsk en it Frysk. Men soe ferwachtsje dat we der mei-inoar grutsk op wêze soene. Dat is dus net sa. De fragen dy’t Keamerlid Harry van der Molen stelde ha dat wol wer dúdlik makke. Dy fragen joegen my stof ta tinken. Foar’t ik dêrop yngean, sil ik earst efkes fertelle wat dy fragen ynholden.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Peste is in pest

logo.ensafh

Mei lijen en muoite ha ik it filmke útsjoen. De strôt siet my ticht en de lilkens wie sa grut dat it bloed my yn de earen rûze. Ik ha it oer de opname dy’t Yarraka Bayles makke hie fan Quaden, har soantsje fan 9 jier. Dy siet te gûlen en frege syn mem om in tou, dat er himsels ophingje koe, om in mes om himsels dea te stekken. Hy woe net mear libje. As heit, as man en as minske bruts my it hert nei it sjen fan dy fideo.

Lês fierder by Omrop Fryslânhttps://www.omropfryslan.nl/nijs/940268-kollum-peste-pestLês fierder

Blog Jaap Slager: Moas syn omkearde tafels

logo.ensafh

The BeeDees (Bloomberg, Biden, Buttigieg ensfh.)
It ferwyt fan Bloomberg oan Bernie, dat er as kommunist gjin skop foar de kloaten wurdich is om´t er sels miljonêr is, rekket fansels igge noch seam. Is it ommers net just in teken dat er stiif yn ´e ankels stiet, as er mei al dy fuorring yn syn baitsje trou bleaun is oan syn prinsipes? En is it net just in teken dat der goede grûnen yn Bernie sitte, as er sizzen bliuwt dat rikelju mear belestings betelje moatte om de mienskip meiprofitearje te litten fan wat se efter it linnen hawwe? Dat makket him just ta in keardel út ien stik!… Lês fierder

Blog Abe de Vries: Hannen ôf fan de Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Dat sá komme de proefballontsjes yn ‘e wrâld. Meitsje in dokumintêre oer Fryske poëzij en lit dêr ien of oar kopstik yn sizze dat er werklik hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Mar Hollânsktalige, tinkt de sjugger/harker dêr fansels dalik achteroan. En hy tinkt dêrnei: do ek, Brutus?

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Blog Liuwe Westra oer de biografy fan Tony Feitsma

logo.ensafh

It hat eefkes stil west op dizze side. Hooplik wurdt dat de kommende tiid oars. De ‘Dei fan ’e memmetaal’ is yn alle gefallen in moaie gelegenheid om wer wat sjen te litten fan it ûndersyk. Dat is gelokkich wol trochgien de ôfrûne tiid!

Dy ôfrûne tiid is ûnder oare brûkt om noch leeftydsgenoaten fan Tony Feitsma op te sykjen en mei harren te praten. Dêr binne in protte nijsgjirrige dingen út kommen.

Lês fierder by Liuwe H. Westra op it Feitsma FûnsLês fierder