Blog Liuwe Westra oer de biografy fan Tony Feitsma

logo.ensafh

It hat eefkes stil west op dizze side. Hooplik wurdt dat de kommende tiid oars. De ‘Dei fan ’e memmetaal’ is yn alle gefallen in moaie gelegenheid om wer wat sjen te litten fan it ûndersyk. Dat is gelokkich wol trochgien de ôfrûne tiid!

Dy ôfrûne tiid is ûnder oare brûkt om noch leeftydsgenoaten fan Tony Feitsma op te sykjen en mei harren te praten. Dêr binne in protte nijsgjirrige dingen út kommen.

Lês fierder by Liuwe H. Westra op it Feitsma FûnsLês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Dichter des Vaderlands Bruinja pleitet tsjin it brûken fan it Frysk

logo.ensafh

Fannejûn seach ik de dokumintêre ‘It Wurd Wat‘ oer Fryske poëzy. In soad ôfwaaid praat, yndied, mar al nijsgjirrich fûn ik hoe’t de Amsterdamse Fries Tsead Bruinja, dy’t op dit stuit Dichter des Vaderlands is, him oer it Frysk útlit. Sjoch de foto’s of fansels de doku en lûk jo konklúzje.

Lês en sjoch fierder by Cornelis van der WalLês fierder

Besprek ‘Ik tel oant 100’ fan Felicity Brooks

logo.ensafh

Op sneontemoarn wurdt it boek al betiid besoarge. Us bern binne 7, 5 en 1 jier âld en fine lêzen prachtich. Se hingje dan ek boppe de slúf as wie it in grut kado. Machtich om te sjen!

Wat de bern gelyk opfalt, binne de moaie kleuren en alle ferskate tekeningen op de foarkant. Tessa fan 5 seit gelyk: ‘Ik sjoch elke kear wer wat oars’, en sa is it ek echt! De details fan de opdruk meitsje dat de bern al in hiel skoft mei de bûtenkant fan it boek dwaande binne.

Lês fierder by Jeltje Reitsma op Heit & MemLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XVIII

logo.ensafh

It is de krusing fan twa transportwegen dêr’t de ôfstjoerder fan dizze ansicht op útsjocht, mar hy sil net faak hinder hân hawwe fan rumoer yn it ivich slomjende Spannum. De ophelbrêge links, mei ‘ANNO 1914’ derop, leit oer de Lange Daam, de feart dy’t brûkt waard foar ferfier mei skûtsjes, en ferbynt de Tsjerkebuorren mei de Swachlumerleane.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder