Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XVIII

logo.ensafh

It is de krusing fan twa transportwegen dêr’t de ôfstjoerder fan dizze ansicht op útsjocht, mar hy sil net faak hinder hân hawwe fan rumoer yn it ivich slomjende Spannum. De ophelbrêge links, mei ‘ANNO 1914’ derop, leit oer de Lange Daam, de feart dy’t brûkt waard foar ferfier mei skûtsjes, en ferbynt de Tsjerkebuorren mei de Swachlumerleane.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Blog Lomme Schokker: Los fan it liif

logo.ensafh

Sûnt it Venusbyldsje op myn paad kaam falt it my gauris op hoefolle swierlivige minsken der wol net binne. Soks wie in pear wike lyn ek wer ris it gefal by de gate fan EasyJet op Skiphol. Der wie in swierich groepke fan sa’n tsien froulju fan flink formaat dy’t mei-inoar de measte wille hie. Yn it fleantúch nei Lanzarote siet ik nêst ien fan harren. Se prate Frysk mei in groepsgenoate oan de oare kant fan it middenpaad en beide froulju wiene behoarlik op ’e rattel oer de rest fan de groep. Ik fûn it wol sa fatsoenlik om myn buorfrou witte te litten dat ik as Fries harren petear wurd foar wurd neikomme koe.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Us taal waait sa fuort

logo.ensafh

Op It Nijs stiet alle dagen weroan in kreas waarberjocht. Mei ‘kreas’ bedoel ik dat it waar kreas beskreaun wurdt. Dat is wat oars as dat it waar sels kreas wêze soe. Yn dat waarpraatsje komme wurden as rûzich, ritich, skier, myld gauris foar. Dat fyn ik moai. Ien fan de lêste waarberjochten hie sels as titel meikrige: oanhâldend ûnlijich. Fierder kom ik wurden en útdrukkingen tsjin as: in klap tonger, de wyn jout him del, in flink stik wyn, swiere wynstjitten. De wyn is krêftich, stoarmich en der komme wynstjitten. Kompliminten oan Jan Brinksma, de skriuwer fan dat waarberjocht. Piet Paulusma brûkt ek graach dat soarte fan wurden en útdrukkingen yn syn waarberjochten foar Omrop Fryslân.… Lês fierder