Besprek ‘Wekker wurde!’ fan J. Lambert

logo.ensafh

Foar ús leit in prachtich ‘pop-up’ flapkeboek. It boek sjocht der moai út, it makket ús nijsgjirrich!

It boek giet oer Hepke de hoanne. Hokker bisten makket Hepke allegear wekker? De baarch, de ko, it skiep en kinsto riede wa noch mear? It boek is prachtich yllustrearre mei dúdlike tekeningen yn fleurige kleuren. De flapkes meitsje it in oantreklik foarlêsboek.

Lês fierder by Hilde van Kalsbeek op Heit & MemLês fierder

Kollum Aant Mulder: Ljouwert, in grinende ko

logo.ensafh

Ha jimme it ek lêzen? Ljouwert fielt him troch de Provinsje miskend. Dat stie mids desimber yn de krante nei oanlieding fan de konseptomjouwingsfyzje, dêr’t it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert fan fine dat har stêd as grutste kearn en as haadstêd dêr te min omtinken yn kriget. De provinsje moat de posysje fan de stêd Ljouwert sa fuortsterkje dat op lykweardige wize mei de stêd Grins en mei Swol praat wurde kin. Nei dat kleiliet komme se mei konkrete easken. De Provinsje moat helpe by it ûntwikkeljen fan de Spoarsône, it gebiet tusken Werpsterhoeke en it Ljouwerter sintraal stasjon.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De oarloch fan Farmers Defence Force

logo.ensafh

Fjirtjin dagen lyn wie ik yn in kroech yn Snits. Yn ferbân mei in literêre jûn, mar ek om in pear bierkes te drinken. Nei’t alle ferhalen ferteld wiene rekke ik oan ‘e praat mei ien fan de besikers. In boer, sa die bliken. Hy buorke biologysk en sei dat er it goed hie. As tsjinwicht foar it hurde wurkjen gie er ien- of twaris yn ‘e moanne allinne op stap. Om te ûntspannen, om oare minsken te treffen en om ris wat oar praat te hawwen. In nofteren, oprjocht minske mei each foar de nuânses fan it libben en de tûkelteammen dêrfan.… Lês fierder

Besprek ‘It sjaaltsje’ fan Hylkje Goïnga

logo.ensafh

Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen binne tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga bondele. It binne âlde ferhalen – Goïnga libbet net mear – mar dat makket dit boek hielendal net âldfrinzich. Ik fernuvere my der bytiden oer hoe’t yn guon ferhalen ûnortodokse tinkwizen oer houlik en relaasjes in rol spylje, wylst se dochs skreaun binne yn in tiid wêryn’t skiedingen amper foarkamen.

Lês fierder by Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga op Heit & Mem… Lês fierder