Oersetting Elizabeth Bishop, Parys, 7 oere moarns

logo.ensafh

 

 

Parys, 7 oere moarns

Ik meitsje in toer lâns elke klok yn it appartemint:
fan ûnwittende platen ôf wize guon wizers
teätraal de iene kant út en oaren oare kanten.
Tiid is in Etoile; de oeren rinne sasear útien
dat dagen deitochten lâns de foarstêden binne,
sirkels om stjerren hinne, sirkels dy’t elkoar oerlaapje.
De koarte, rastere skaal fan wintersk waar
is in útsprate dowewjuk.
De winter banket ûnder in dowewjuk, in deade wjuk
mei dampe fearren.

Lês fierder by oersetter Klaas van der HoekLês fierder

Goffe Jensma oer it Frysk yn de wrâld: striid foar lykweardigens

logo.ensafh

Mear minsken as ea tefoaren brûke it Frysk tsjintwurdich. En ek mear minsken leare de Fryske taal nei it 12e libbensjier: dat binne de ‘new-speakers.’ Dochs wurdt it ek hieltyd mear kombinearre mei Nederlânsk en Ingelsk. Dat fertelde heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma tiisdei op in lêzing yn it Oranje Bierhuis yn Ljouwert.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Bern mei gouden hantsjes

logo.ensafh

Oan it begjin fan Ik bin PRO, de nije searje fan Omrop Fryslân, lit presintator Raynaud Ritsma sjen hoe’t it Nederlânsk ûnderwiis yninoar stekt. Fan it VWO giet it nei it VSO, it Fuortset Spesjaal Underwiis. De ljedder giet fan heech nei leech, leit er út. Dat byld soe radikaal oars moatte, tocht ik op dat momint. Lis dy ljedder op ‘e kant, datst allinne mar in hoarizon krigest. Net alle bern sitte op itselde plak, mar wol allegear op deselde kime.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder