Blog Lomme Schokker: OK Googler…

logo.ensafh

Dit wykein mocht ik de fernuvere tsjûge wêze fan de ynstallaasje fan twa nije, ûnmisbere gadgets foar in spantsje fan de bucketlistgeneraasje. Mei de krystsneinen hiene se inoar in Sonos Beam Intelligent Soundbar en in Google Home Personal Assistant taskikt. Foar beide tûke ynternetfanaten gie de montaazje, ynstallaasje en syngronisaasje by harren thús glêd fan de tried, it duorre inkeld mar in oardel oerke of dêromtrint. Ik seach se griemen mei kabels en ferlingsnoeren, mei it ynsprekken fan healwize sinnen om de app harren stimlûden kenne te learen en amechtich hinne en wer rinnen mei swaaiende mobyltsjes om de akoestyk fan de wenkeamer op de sintimeter ôf te begrinzgjen.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Fryskfersmiting

logo.ensafh

Waling-om

It skynt dat ik oan Waling Dykstra besibbe bin. Dat is gjin fertsjinst, sa net – it kaam my om samar te sizzen oanwaaien. Mar it is dêrom net minder nijsgjirrich, fyn ik. Alteast, dat fyn ik no. Doe´t ús mem it my as jonge fertelde, hie ik it op in pypfol. Mar dat is by de tiid sa´t skynt in bytsje feroare. In kammeraat út Scarborough ferwurde it okkerlêsten sa: It seems to me that it is only when one becomes aware of one´s own mortality that a desire to know about those who went before develops.
Moai, net!… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Aldjiersdei

logo.ensafh

Op sa’n dei as hjoed leit it yn ’e reden om werom te sjen. Hoewol, party minsken sille dêr amperoan de tiid foar ha. Minsken dy’t wurkje krije it drokker en drokker. Guon fan dy minsken moatte sels wurkje op tiden dy’t har net útkomme en oars moatte se wol beskikber wêze foar fragen fan oaren. Mei ien foarbyld kin ik wol dúdlik meitsje wat ik bedoel. Ik lies op de sosjale media dat der diskear mei de krystdagen mear supermerken iepen wiene as yn eardere jierren, rûnom yn it lân. De meiwurkers wurkje faak leaver net as al, mar ‘nee’ sizze falt ek net ta.… Lês fierder