Kollum Willem Schoorstra: De Fryske Snobbers top 100

logo.ensafh

De wachtrige foar it mediakafee hat him ûnderwylst oplost, dat ik bin ek teplak. Elkenien is hjoed fan herte wolkom om de útstjoering fan de Fryske top 100 live mei te meitsjen. It útstjoeren dêrfan op âldjiersdei is al krekt sa’n tradysje as it iten fan oaljebollen, it karbidsjitten en nachts om tolve oere de wiete lape by buorfrou deryn te hingjen. Of oarsom, fansels.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Hanneke de Jong: Op nei 2020!

logo.ensafh

Mei 2019 bin ik gau klear, dat wie it jier fan de renovaasje. In nije heup, mei as ekstraatsje in knibbel en om it ôf te meitsjen in knibbel yn ‘e wacht. It betsjut * trene om in goede kondysje foar de operaasje te krijen, dêrnei opknappe, revalidearje en op ‘e nij begjinne by it stjerke. It betsjut ek dat it skriuwen op in leger pitsje kaam te stean, want revalidearjen freget in protte fan de holle. Dat der dochs noch ien boekje útkaam, Yn de rimboe, is mei te tankjen oan âldste beppesizzer Thijs, dy’t my op gleed holp by it twadde dieltsje fan Gers op it Dak.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Pretty krystdeis

logo.ensafh

Foar in knap jieroersjoch is it wol handich dat jo it jier bydel wat dingen byhâlde en opskriuwe. Dat haw ik sleau genôch wer net dien. It soe hjir en dêr dan ek justjes ûnfolslein wêze kinne. Mar der binne wol in pear opmerklike saken te beneamen.

It jier begûn mei in horrorwinter dy’t net kaam. Dat komt faker foar dat hiel ûngewoan is it net. De simmer wie by riten hjit en op de alderhjitste dei waard hjir lokaal útfûn dat it hea binnen helle wurde moast. Ik ha it swit no noch blank op ‘e rêch stean as ik der oan weromtink.… Lês fierder