Blog Jaap Slager: Rinfuorgenwrâld

logo.ensafh

Wat is wier, heite

Wat my nea ferjitte is in passaazje út in boek fan Graham Greene. No ja, net wurdlik mear, want dêrfoar is it fierstente lang lyn dat ik The Quiet American lies, mar de strekking wie dat wierheid tige relatyf is. De skriuwer liet ien fan de haadpersoanen yn it boek sizze dat it deftich sa wie dat de Amerikanen, dy´t de Frânsen yn Fjetnam te help kamen, foar harren wierheid strieden, mar dat soks foar de tsjinpartij krektlikegoed gou.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Lomme Schokker: It Helgolânske fiersicht (3)

logo.ensafh

Wo bist du nun?
Ik rin efter heit en dyn mem jimme wenkeamer yn. Dêr sjoch ik dy foar de earste kear. Dy earste kear, do witst it noch. Do stiest yn de sinne foar in finsterbank nêst in swarte piano. Wat in lang ein, tink ik. Hast in koptelefoan op, in djoeren-ien. Do draaist dy nei my om. Dan hellest dat ding fan de earen en leist it yn de nekke. Do lakest my ta, mar bliuwst dêr stean.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder